Nij nûmer tydskrift DE NIJE leit yn ’e winkels

oktober 26, 2020 08:07

Sûnt ôfrûne wykein leit de nije DE NIJE wer yn de boekhannels, tydskriftewinkels en supermerken yn Fryslân (yn alle gefallen by Poiesz). De abonnees krije it nûmer tagelyk tastjoerd.

Foto: It Nijs

De redaksje, dy’t út frijwilligers bestiet, is wol in bytsje grutsk op it feit dat it slagge is om mei dit nûmer in folsleine jiergong fan fjouwer temanûmers út te bringen. It tema is diskear: ‘Fryslân en Europa’. It is in moai en fleurich gehiel wurden fan 64 siden, suver in glossy!

De redaksje is ynnommen mei it feit dat bekende saakkundigen op it mêd fan Europa as de histoarikus  Geert Mak en de Europarlemintariër Jan Huitema oan dit nûmer meiwurkje woene. Fierder komt in grut ferskaat oan aspekten foarby. It giet oer Friezen yn oare lannen yn Europa en oarsom, minsken út oare lannen yn Fryslân. Oan ‘e oarder komme ek de pylgerpaden om’t rinnen fan alle lannen en fan alle tiden is, it iten en drinken, de sûnenssoarch. It giet oer oare lannen, talen en folkslieten.

Foar de bern is der krekt as de oare kearen wer in bernekatern mei nijsgjirrige fragen en opdrachten. In puzzel en in strip ûntbrekke net. Yn it tydskrift stiet ek in oersetwedstriid. De fraach is om it liet ‘Somewhere in Europe’ fan Liam Reilly, de Ierske bydrage op it Eurofyzjesjongfestival yn 1990, dat de twadde priis krige, oer te setten.

No’t de earste folsleine jiergong in feit is, set de redaksje him yn foar de folgjende jiergong fan fjouwer temaûmers. Ein jannewaris leit it temanûmer ‘Winter’ yn de winkels. Dêr wurdt al hurd oan wurke.

As jimme in advys wolle: keapje DE NIJE of nim in abonnemint. Besjoch en lês it blêd mei in hearlik gleske Donia Grande fan Sint Nyk (sjoch bls. 40-42).

oktober 26, 2020 08:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.