Neffens Spaanske rjochter hie Poetin helpe wollen by Katalaanske ôfskieding
Resint ferskynd
De Russyske oerheid soe de Katalaanske presidint Puigdemont yn 2017 finansjele stipe en tsientûzen soldaten oanbean hawwe om de ôfskieding fan Spanje troch te setten. Dat seit de Spaanske ûndersyksrjochter dy’t oer de oanklachten tsjin hege Katalaanske politisy gear west hat.
Neffens ûndersyksrjochter Joaquín Aguirre hat Puigdemont petearen fierd mei fertsjintwurdigers fan Ruslân, dy’t him oanbean hawwe om de folsleine Katalaanske skuld oer te nimmen en him militêr te stypjen. Puigdemont soe it oanbod lykwols fan ‘e hân wiisd hawwe.
De ynformaasje is neffens de rjochter ôfkomstich út ôfharke telefoanpetearen tusken de Russen en Katalaanske politisy. Ien fan harren, Victor Terradellas Marré, soe ek ôfpraat hawwe om yn it echt mei de Russen te praten, mar hy waard foar’t it safier wie arrestearre.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje