Nederlanners sette manmachtich koroana-app op telefoan

oktober 11, 2020 21:00

Foto: morguefile.com

Sûnt freed kinne ynwenners fan Nederlân de app CoronaMelder op ‘e snoadfoan ynstallearje. 2,2 miljoen minsken hawwe dat al dien. CoronaMelder jout lûd as de telefoanbrûker yn ‘e buert west hat fan ien dy’t oanhelle is mei de koroanasykte. Sa’n ien kin dan thúsbliuwe om foar te kommen dat er sels ek wer oaren besmet.

It gie fuort al hurd mei de nije app. Freed wie er al 1,5 miljoen kear ophelle, snein is dat oprûn nei 2,2 miljoen. Ien op ‘e fiif smartphones is dêrmei wilens fan ‘e app foarsjoen. Neffens minister Hugo de Jonge fan folkssûnens is de app al wurksum as tsien persint fan ‘e minsken de app op ‘e telefoan hat, mar mear is altiten better. De Jonge seit: “Het is echt heel belangrijk dat zoveel mogelijk mensen de app downloaden.”

It hat efkes duorre ear’t de app der wie, mei’t foarkommen wurde moast dat de oerheid tefolle oan ‘e weet kaam oer it priveelibben fan ‘e brûkers. Kompjûterman Brenno de Winter hat dêrop tasjoen. Hy seit: “Ik ken geen product op een telefoon waar kritischer naar gekeken is. De app is gebruiksvriendelijk én veilig.”

oktober 11, 2020 21:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. LB oktober 13, 17:15

    @redaksje: ik ha slim argewaasje fan de Facebook, Twitter en LinkedIn ikoantsjes dy’t sûnt hjoed yn myn byld ferskine op myn aifoan. Se behinderje myn sicht op de tekst. Kin dat ek oars?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.