NASA-sonde ferliest kostber grús fan planetoïde
Resint ferskynd
De romtesonde fan NASA dy’t woansdei nei twa jier mei in protte muoite op ’e planetoïde Bennu lâne en dêr grús oppakte, blykt lytse partsjes fan dat materiaal te ferliezen. De Amerikaanske romtefeartorganisaasje hat dat op in ynlaske parsekonferinsje bekendmakke.
De planetoïde stiet op 333 miljoen kilometer fan de ierde ôf. Romtesonde Osiris-Rex sammele dêr likernôch 400 gram oan materiaal, mear as NASA ferwachte hie. Mar de grypearm is mei safolle krêft op ’e planetoïde lâne dat stiennen fêst kamen te sitten om it lid fan de hâlder hinne, dêr’t it grús yn bewarre wurdt. Dêrtroch lekke no lytse partsjes wei yn ’e romte.
“Wy tinke dat we materiaal ferlieze. Mear as ik wolle soe”, sei haadwittenskipper Dante Lauretta fan de missy. Der soe ûnderwilens likernôch fiif oant tsien gram oan grús weilekt wêze. “It goede nijs is dat we in protte materiaal hawwe.” Der wurdt no besocht om safolle mooglik fan it romtegrús feilich te stellen. Dat bart yn in spesjale kapsule oan board fan de sonde. De missy wurdt as slagge beskôge as de sonde op syn minst sechtich gram stof fan Bennu mei nei de ierde nimt. Osiris-Rex sil pas yn 2023 wer op ’e ierde oankomme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje