NASA-sonde berikt oerflak planetoïde op 333 miljoen km fan ierde
Resint ferskynd
De Amerikaanske romtesonde Osiris-Rex hat it oerflak fan de planetoïde Bennu berikt. Dat wie om midsnacht Nederlânske tiid. De missy hat as doel it opsûgjen fan romtegrús fan de planetoïde. Neffens romtefeartorganisaasje NASA gie alles neffens plan.
Oft it de sonde ek echt slagge is om genôch romtegrús op te sûgjen fan Bennu, dy’t sa’n 333 miljoen kilometer fan de ierde fuort is, wurdt nei alle gedachten binnen in wike dúdlik. As it net slagge is, moat it tiim fan de NASA de sonde yn jannewaris nochris nei it oerflak fan Bennu stjoere. It is de bedoeling dat de sonde it romtegrús yn 2023 op ierde bringt, sadat wittenskippers dermei oan ’e slach kinne.
Osiris-Rex waard fjouwer jier lyn troch de NASA lansearre nei de planetoïde en kaam dêr twa jier lyn oan. Sûnt sweeft de sonde op in pear hûndert meter ôfstân om Bennu hinne. Yn dy rite waard it oerflak fan it rotsblok yn kaart brocht. Bennu is net folle grutter as it Empire State Building. De hiele operaasje duorre goed fjouwer oeren en waard hielendal automatysk útfierd.
Wittenskippers binne tige ynteressearre yn de gearstalling fan rotsblokken as Bennu. De planetoïde is ûntstien yn ’e earste tsien miljoen jier fan ús sinnestelsel, mear as 4,5 miljard jier lyn. Ferwachte wurdt dat de planetoïde ús dêrom in protte oer dy tiid fertelle kin. De ierde is ûntstien út rotsblokken dy’t ferlykber binne mei Bennu, dy’t troch de tiid hinne gearklontere binne.
It doel fan de missy is om op syn minst sechtich gram romtegrús fan Bennu op te sûgjen, mar wittenskippers hoopje dat de sonde inkelde kilo’s opsûge hat.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje