Nacht fan de Nacht set útein mei meldpunt ljochthinder

oktober 24, 2020 09:30

De Natuer- en Miljeufederaasjes lansearje yn it ramt fan de Nacht fan de Nacht-kampanje in meldpunt om ljochthinder te melden. Op www.maghetlichtuit.nl kin elkenien no foto’s pleatse fan oerstallige ferljochting, boulampen dy’t hinder feroarsaakje of bedriuwen dy’t de hiele nacht ljocht baarne litte en dêr’t men as omwenner lêst fan hat.

Foto: Nacht fan de Nacht

Ut ûndersyk fan RIVM docht bliken dat fiif persint fan de Nederlanners slimme ljochthinder ûnderfynt en trije persint fersteuring fan de sliep. Dat bine mear as ien miljoen minsken. Wa’t neist in sportpark wennet dat nachts de ljochten baarne lit, wa’t net yn ’e sliep komme kin troch in strjitlantearne dy’t de sliepkeamer yn skine of wa’t gek wurdt fan knipperjende reklameferljochting dy’t de hiele nacht ûnnedich oanbliuwt kin dat melde op www.maghetlichtuit.nl. Meiwurkers fan Nacht fan de Nacht nimme dan kontakt op mei de gemeente of mei it bedriuw mei it fersyk om der wat oan te dwaan.

Nederlân ien fan de meast ferljochte lannen op ’e wrâld
Nederlân is ien fan de slimst ferljochte lannen op ’e wrâld. Ambassadeur André Kuipers seach út de romte wei Europa it meast opljochtsjen. En yn Europa ljochtsje België en Nederlân it meast op. Dy ljochtfersmoarging hat negative effekten op de sûnens fan minske en bist. Ut it advys fan de Sûnensrie docht bliken dat (langduorjend) nachtwurk liede kin ta in ferhege risiko op sliepproblemen, diabetes 2 en hert- en iersykten. Troch de oermjittige ferljochting stean nachtflintersoarten ûnder druk en reitsje alle jierren miljoen trekfûgels desoriïntearre.

Foto: Johan van der Wielen/Nacht fan de Nacht

In protte ûnnedige bedriuwsferljochting
Ofrûne moanne makken frijwilligers fan de Nacht fan de Nacht-kampanje 1.327 foto’s fan bedriuwen yn ’e nacht. Mar leafst 72% hie ûnnedige ferljochting oan. Bedriuwen fergrieme dêr jierliks sa’n 536 miljoen kWu mei (stroomferbrûk fan 150.000 húshâldens). Mei’t ledferljochting suniger en goedkeaper yn it gebrûk is, litte hieltyd mear bedriuwen ferljochting en reklameferljochting de hiele nacht oan. Nei oanlieding fan dat ûndersyk krige Nacht fan de Nacht in protte mails fan boargers dy’t lêst fan ljocht hawwe. Dat wie ien fan de redenen om it meldpunt foar ljochthinder te lansearjen.

Nacht fan de Nacht
Nacht fan de Nacht is in kampanje fan de Natuer- en Miljeufederaasjes mei as doel om Nederlân tsjusterder en duorsumer te meitsjen. Yn de Nacht fan de Nacht wurde der normaalwei hûnderten eveneminten yn it tsjuster organisearre en dôvje bedriuwen, gemeenten en partikulieren op hûnderten plakken ljochten fan gebouwen en reklameferljochting. Dit jier wurdt de Nacht fan de Nacht foar de 16e kear organisearre op sneon 24 oktober. Mei dit jier in jûnfoljend programma fia Facebook en YouTube.

Op www.nachtvandenacht.nl stiet it programma.

oktober 24, 2020 09:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.