Museum Stêd Sleat
Resint ferskynd
Sleat, de lytste fan de alve stêden yn Fryslân, mar wol ien fan de moaiste, wat my oanbelanget. Mei in rike histoarje fan 1250 ôf. It wie in skoft in wichtige stêd dêr op de krusing fan farwegen. Hjoed-de-dei hat it dy betsjutting net mear, mar is it yn it bysûnder in toeristysk plak mei net sa’n soad ynwenners, mar wol folle mear besikers.
Yn it sintrum stiet oan de Heerenwal nû. 48 it nijsgjirrige Museum Stêd Sleat. It gebou wie foarhinne it stedhûs fan de stêd Sleat, no sit dêr tagelyk ek it VVV Ynformaasjepunt Wetterlân fan Fryslân yn.
Op de tredde ferdjipping is in kolleksje fan toverlantearnen te sjen, de moaiste fan de wrâld: Laterna Magica. Dêr op de souder stapt men yn de wûndere wrâld fan Peter Bonnett, in âld-ynwenner fan Sleat, dy’t mei syn samling net allinnich de bern yn in bjusterbaarlike fantasybelibbing bringe kin, mar ek de folwoeksen minsken.
Yn de âlde riedseal, op de twadde etaazje wurdt in film draaid oer de histoarje fan Sleat.
Under is op dit stuit de útstalling ‘Twa sielen, ien natuer’ fan twa kreative Sleattemers, Lienke Boot en Eppie Dam, mei lino’s, tekeningen en gedichten. Yn it bysunder binne alderhande fûgels te sjen mei bybehearrende gedichten, sawol yn it Frysk as yn it Hollânsk.
Tiid foar de skries *

Lino Lienke Boot
Roetswarte lyster
seit piip yn de snie
hy doart noch net dryster,
net heal op ’e trie.
Einegesnetter
krast blikkich en griis
oer ’t hurdblauwe wetter,
as redens oer iis
Giele kanaarje
sjongt rjocht út it hert
mar ’t bliuwt jannewaarje,
hoe’t hij him ek set.
Hoannen dy’t kraaie
stean heech op it sket,
mar ’t liet fan de maaie
dat kenne se net.
Skries op ’e hikke,
sa wûndere bliid!
Ik fiel it, ferdikke:
ja, no wurdt it tiid!
Gritogriit! Gritogriit!
tekst Eppie Dam
Koartsein, fan boppen nei ûnderen ta troch in prachtich gebou fol mei histoarje, mar ek mei útstallingen fan keunstners. Bygelyks dy útstalling, dy’t no noch duorret oant de ein fan oktober en foaral de muoite wurdich is foar de leafhawwers fan natuer en fûgels.
Matthijs Verkuijl
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje