Museum it Tsiispakhús Yn Wommels

oktober 9, 2020 15:11

Yn Wommels leit oan de Boalserter Trekfeart it eardere tsiispakhús út 1905. Dêr sit no in museum yn. Op de boppenste ferdjipping is de permaninte útstalling oer de tarieding fan tsiis en de feroaringen yn ’e rin fan de tiid hjir yn Fryslân. De skiednis fan suvel wurdt op ferskate wizen útbylde mei foto’s, film en materialen lykas molkbus, tsiisparse, tsiisplanken en bûtertsjerne.

Under is oant 1 novimber de útstalling ‘Boer siket fabryk’ oer alles wat mei bûtermeitsjen te krijen hat. In oersjoch fan de tiid fan 1800 ôf, doe’t it bûter- en tsiismeitsjen it deistisch wurk fan de boerinne wie. Swier lichaamlik wurk neist de hûshâlding.

Twongen troch de konkurrinsje, bygelyks út Denemarken mei syn hege kwaliteit troch in bettere wize fan ferwurkjen fan de molke en bûter, kamen der hjir ek feroaringen. Net allinnich yn it meitsjen en bewarjen op de pleats, mar ek yn it transport en it ûntstean fan molkfabriken.

Dêrtroch wiene de boerinnen net mear nedich as belangryk ûnderdiel fan it tariedingsproses. Dat joech fansels earst in soad argewaasje en wjerstân, mar sa giet it no ien kear. It modernisearjen hat altyd syn priis. De kranten skreauwen doedestiids oer it gefaar fan meagere keallen en fette boerinnen as gefolch fan dy ûntwikkelingen. De molke waard tenei twaris deis ôfhelle troch molkriders en yn molkbussen ferfierd nei it fabryk. Oeral yn de provinsje wiene suvelfabriken en ûntstiene der koöperaasjes. De feroaringen fan nei de Twadde Wrâldoarloch oant no komme fansels ek yn byld.

Koartsein, in moai stikje histoarje, ûntwikkelingen, feroaringen yn de wrâld fan de boer en boerinne. It adres fan it museum is Ald Hiem 2, Wommels; info@tsiispakhus.nl.

Matthijs Verkuijl

In prachtich tablo fan it suvelfabryk Vreugdenhil út Skarsterbrêge waard it museum oanbean .

 

oktober 9, 2020 15:11
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.