Bywurke: Tsjetsjeen snijt holle learaar ôf om les oer frijheid fan mieningsutering

oktober 16, 2020 20:27

Yn it Frânske Conflans-Sainte-Honorine, in foarstêd fan Parys, is freedtejûn op ‘e iepenbiere dyk in man ûnthalze. It giet om in skiednislearaar fan in skoalle foar fuortset ûnderwiis yn it plak. De plysje hat de dieder, dy’t in pistoal by him hie en wat om hie dat like op in bomgurdle, letter yn Eragny-sur-Oise, deasketten. Hy woe him net oerjaan en syn wapen net falle litte en rôp: “Allahû akbar!”

De Frânske presidint Emmanuel Macron en premier Jan Castex hawwe it plak fan ‘e moard besocht.

De learaar hie koartlyn in les jûn oer it belang fan de frijheid fan mieningsutering. Yn dy les hie er de Deenske spotprinten sjen litten fan ‘e midsiuwske keapman Mohammed Ibn Abd Allah, dy’t troch moslims as profeet beskôge wurdt. Yn it moslimleauwe wurdt it ôfbyldzjen fan Mohammed as in taboe beskôge. Tekenders dy’t soks al dien hawwe, binne yn it ferline gauris mei de dea bedrige of it slachtoffer wurden fan oanslaggen. De oanslach op it tydskrift Charlie Hebdo yn 2015 is in bekend foarbyld, lykas de oanslach op ‘e Deenske tekender Kurt Westergaard yn 2010.

OANFOLLINGS 20.54:
Oars as earder skreaun waard, is de dieder nei alle gedachten net de heit fan in learling fan it slachtoffer, mar in achttjinjierrige man út Tsjetsjenië. Dat skriuwe Frânske media.
Neffens Frânske media hat de dieder flak foar’t er deasketten waard in fideo fan ‘e ôfsniene holle op ynternet set.

oktober 16, 2020 20:27
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.