Moederaasje
Resint ferskynd
- Earste ljipaai fan Fryslân fûn by Raard 0
- Marsrover Perseverance rydt earste meters 0
- Caspar Vos opfolger Georges Mutsaerts as direkteur Skiermûntseachfestival 0
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
Oertinking
Wurkje oan in duorsume wrâld fan leafde, rjochtfeardichheid, frede en barmhertichheid jout hoop. Netsjinsteande de tsjinslaggen en pleagen dy’t ús allegear teisterje, sawol hjoed-de-dei as yn it ferline, bliuwt ús oars net oer as hoek te hâlden yn it dwaan fan it goede. Moederaasje as minslike bestimming (*1).
Bob Goudzwaard behellet yn ekonomy en polityk it goede dwaan en seit dêroer: “Het zich vastklampen aan wat nog voor morgen of ten dienste van morgen bereikt moet worden, zal vrijwel steeds leiden tot een geïsoleerd nuttigheidsstreven, dat de affectiviteit verdringt en derhalve neerkomt op een vorm van zelfbevestiging.” Hy is fan betinken dat it needsaaklik is om ús stribjen nei foarútgong te relativearjen en seit dat we derfoar iepen stean moatte dat it sa hurd en krampeftich mooglik benutten fan it hjoed, mei it each op in hieltyd ûnwisser wurdende takomst ek foar ekonomy en politiy in kollektive foarm fan selsbefêstiging ynslút, dy’t ús yn de deistige werklikheid de seine ûntnimt fan de befêstiging fan wjerskanten (*2).

Foto: pixabay.com
As alles oars wurdt meie we fol fertrouwen útsjen nei in ierde dêr’t it foar elkenien moai is om yn te wenjen. De meiminske leafdefol temjitte gean, each hawwe foar wa’t troch hokfoar omstannichheden net minskweardich libje kinne. Us ropping is, neffens Hein Stufkens, moederaasje mei de oar, de wrâld en ússels toane. Lit ús wurksume hannen fine om yn harmony mei-inoar op dizze planeet te libjen.
Wytze Brandsma, Gersleat
emearitus agooch en teolooch
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje