Ministers oer it Frysk

oktober 31, 2020 10:12

Yn syn lêste nijsbrief RIEDF-20006-Nieuwsbrief 4-lr hat de Ried fan de Fryske Beweging omtinken jûn oan de Bestjoersôfspraak Fryske taal en kultuer (BFTK) 2019 -2023. Neffens de Ried gie dy bestjoersôfspraak net fier genôch. Sadwaande hie de Ried yn de simmer fan 2018 in Skaad-BFTK skreaun: RFFB BFTK. Op 26 juny 2019 teach in fertsjintwurdiging fan de Fryske Beweging nei De Haach om in petear by te wenjen tusken de ‘Vaste Commissie Binnenlandse Zaken’ mei minister Ollongren. Dat wie nei oanlieding fan de BFTK en de Skaad-BFTK. Lês hjir it folsleine ferslach nochris nei.

Yn optocht fan de bus nei it gebou fan de Twadde Keamer

De reaksje fan de kant fan it ministearje kaam by brief fan 16 desimber 2019. Omdat dat brief likemin oan de ferwachtingen foldie, is der opnij reagearre troch de Ried en dat foarme wer in oantrún foar Keamerleden om fragen te stellen. Uteinlik is der dit jier aardich wat redendield oer it Frysk yn De Haach. De Ried hat no in blomlêzing makke fan de wichtichste antwurden fan de oanbelangjende ministers:

Brief by blomlêzing antwurden minister

Blomlêzing fan antwurden minister van ynlânske saken en minister fan ûnderwiis

De folsleine stikken binne hjirre te finen.

oktober 31, 2020 10:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.