Minister Schouten hâldt Rede fan Fryslân

oktober 5, 2020 16:33

Carola Schouten (foto Wikimedia Commens © Foto https://www.flickr.com/photos/thegessummit/48006784952/)

De Rede fan Fryslân, tondersdei 8 oktober, sil gean oer de takomst fan de Fryske lânbou. Minister Carola Schouten fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit sprekt dy rede út De Haach wei út. Dêrwei rint in live-byldferbining mei it Westcord WTC-Hotel yn Ljouwert, dêr’t in beheind tal minsken foar útnûge is. Omrop Fryslân stjoert de rede live út op omropfryslan.nl en op TV. Dat is fan 15.30 oant 17.00 oere.

Fierder wurdt it wurd fierd troch Hendrik Galema, foarsitter fan de Agraryske Jongerein Fryslân en Trienke Elshof, foarsitter fan LTO-Noard. Nynke Dijkstra (klarinet) en Welmoed Poelstra (piano) fleurje de gearsit op mei muzyk.

De Rede fan Fryslân is in evenemint dat alle jierren weromkomt. Op útnûging fan de kommissaris fan de Kening hâldt in prominint persoan Fryslân mei it each op de takomst in spegel foar. Yn it ferline hawwe ûnder oaren Gerrit Hiemstra, Herman van Rompuy, Pieter Winsemius, Gerdi Verbeet en Bernard Wientjes de rede holden.

oktober 5, 2020 16:33
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga oktober 5, 17:38

    De rede fan Fryslân moat altiten yn’t Frysk hâlden wurde. Kinne se it net dan efkes leare, krekt sa it dogge by Fryske lieten. Sa dreech sil it net wêze, tink ik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.