Mindert Wynstra ferstoarn

oktober 1, 2020 12:55

Skriuwer-ferhaleferteller Mindert Wynstra is woansdei yn syn wenplak Warns ferstoarn. Koartlyn kaam noch it jeugdboek Jesse fan him út.

Wynstra is benammen bekend wurden as ferteller fan folksferhalen. Guon dêrfan binne bondele yn de boeken It kweade wiif fan HylpenDe wiete poes en De seefrou. Dêrneist hat Wynstra ferskate berneboeken skreaun. De lêste jierren wurke er gauris gear mei syn dochter Babs Wynstra, dy’t de boeken yllustrearre. Yn 1992 krige Mindert Wynstra de Simke Kloostermanpriis foar In hûs fol ferhalen. Dat boek is ek yn it Japansk oerset en it stiet op ‘e earelist fan ‘e ynternasjonale jeugdboeke-organisaasje IBBY. Yn 2007 krige Wynstra de Bongelboekepriis foar syn boek It lân achter de heuvel. Hy wurke fierders gauris foar Omrop Fryslân, ûnder oaren as kollumnist en stimakteur.

Mindert Wynstra wie al in skoft slim siik. Hy is 74 jier wurden.

oktober 1, 2020 12:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.