‘Mens Erger Je Niet’ yn de Niklaastsjerke fan Koarnjum

oktober 6, 2020 09:36

Kommende sneontejûn bringt Thijs Meester syn soloprogramma ‘Mens erger je niet’ oer it fuotljocht yn de Niklaastsjerke fan Koarnjum. It is in kabaretfoarstelling oer lytse en grutte argewaasjes, lykas dy autorider dy’t irritant flak foar oaren rydt en ek nochris gjin rjochting oanjout of dy plestik ferpakking om it fleisguod hinne dat mar net iepen te krijen is en mear fan sokke argewaasjes, dy’t elkenien wol ken en dêr’t soms mar min mei te libjen is.

Foto: © Piet Douma

Thijs Meester is akteur, sjonger, bekend fan ferskate rollen yn suksesfolle produksjes as Elk Sinus, Kening Hert, De Wylde Boerinne en It Kollumer Oproer. Hy is winner fan de Europeeske tv-priis Circom. Syn nije soloprogramma Mens Erger Je Niet is werkenber en grinsferlizzend. Sûnder skamte taboes trochbrekkend laat dy eigensinnige en dochs sympatike Fries de taskôgers troch in foarstelling fol prachtige lietsjes en amusante, sels pittige ferhalen. De kabareteske onemanshow is yn it Frysk èn yn it Nederlânsk. Piter Wilkes, Marcel Smit en Sander Stienstra skreaune prachtich nij repertoire foar dizze foarstelling.

De muzikale begelieding is yn hannen fan ynstrumintalist en komponist Tseard Nauta. Nauta is û.o. bekend fan syn eigen solo-foarstellingen, mar ek fan syn gearwurking mei û.o. Inez Timmer. Hy spilet ek noch yn de groepen Di Gojim en Patty’s Day Off.

Sneon 10 oktober 2020 en ekstra foarstelling sneon 31 oktober, doar iepen 20.00 oere, oanfang programma 20.30 oere.
Tagongspriis: € 17,50 p.p., fergees kofje, tee en… lekkere nútsjes.

Allinne tagong nei reservearjen fia bobdeboer@pinupsanddowns.com of op 06-54763154. Annulearje is mooglik, mar dan wol trije dagen yn ’t foar, oars wurde de yntreekosten dochs noch yn rekken brocht.

oktober 6, 2020 09:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.