Sybren Singelsma: Macron set de toan

oktober 27, 2020 10:25

Skôging 

One love
One blood
One life
You got to do what you should
One life
With each other
Sisters and my brothers
One life
But we’re not the same
We get to carry each other, carry each other

It makke yndruk, it yndragen fan de kiste mei it oerskot fan Samuel Paty, de fermoarde skiednislearaar, op it binnenplein fan de Sorbonne, ûnder de klanken fan U2. Nota bene in Ingelsktalich nûmer, en dat yn Fankryk. In gebeart op himsels.

It wie de ynlieding, mei gefoel foar drama, wis, mar net te dramatysk, foar de taspraak fan Emmanuel Macron, oer wat de wearden fan de Frânske republyk binne en wat it wurd boarger ynhâldt. Messkerp en glêshelder makke er dúdlik wat Frankryk is: in sekuliere, demokratyske en frije mienskip dêr’t gjin plak yn is foar lju dy’t de mienskip mei geweld yntolerante tinkwizen opkringe wolle.

Allinnich Obama kin dat ek, sa ta de kearn fan de saak komme, op in elokwinte en empatyske wize. Jou my ek mar sa’n steatshaad, tink ik dan. Mar ja, sûnt 1848 stiet ús steatshaad ûnder ministeriële kontrôle, dus mear as in sprekkende pop fan it regear is sa’n persoan net.

En sa’n speech kin net troch amtners skreaun wurde, dêr moat men in politikus mei in mandaat foar wêze. Macron liedt om’t er kiest, net om’t er de boel byinoar hâldt.

Mear as Koekehappe Deluxe sil it mei ús Kening lykwols net wurde.

Want op it stuit dat hiel Frankryk dy jun yn de Cour de la Sorbonne stie, eamele hiel Nederlân oer de fakânsjetrip fan Willem-Alexander. Jûnen waard der ferpraat, hast gjin wurd oer wat der yn Frankryk bard wie. As in steatshaad ferbine moat, is Macron in better foarbyld. Ja, Sigrid Kaag sei wat oer ûnderwiis yn in sekuliere mienskip, leau ik, mar ik wit it net krekt mear, want ik fal altyd spontaan yn ’e sliep as ik har sjoch.

Nee, gjin wurd waard der rept, de Dam stie net fol mei minsken dy’t it islamfundamintalisme ôfwize. En wêrom net, tinkt men dan. Kin dat tema de Nederlanners, of op syn minst de omroppen en de media, neat skele? Dat soe dochs frjemd wêze nei de moard op Van Gogh en de heibel dy’t Geert Wilders skopt.

Ik tink mear dat de minsken bang binne om in stânpunt yn te nimmen, om’t se bang binne foar reaksjes yn de eigen, neiste omjouwing. Wy binne miskien al sa wend oan minsken dy’t bûten ús mienskip steane dat we de yntoleransje net mear doare oan te kaarten.

Mar as men bang is om foar de eigen frijheid op te kommen, is men dy winliken al kwyt.
Dy spegel holden de Frânsen ús ferline wike efkes foar.

oktober 27, 2020 10:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.