Losse flodders en isolemint

oktober 6, 2020 08:23

Skôging troch Jabik van der Bij

Yn myn foarige skôging makke ik de opmerking dat der mear nedich is om it Frysk yn libben te hâlden as it ûnderwiis achter de fodden te sitten. Yn in tal reaksjes waard û.o. troch Abe de Vries en Cor Jousma frege nei konkrete aksjes. Ik beskôgje my net as in messias dy’t it wol efkes fertelle sil, want oan folksmenners ha ik in grouwéligen hekel. Wol ha ik wat ûnderfining opdien mei Frysk yn skoalle as ûnderwizer oan twa twatalige skoallen yn de sechstiger jierren fan de foarige iuw, as learaar en direkteur fan De Him yn Snits, dêr’t wy in twatalige oplieding neistribben en as ûndersiker fan it projekt Frysk yn it fuortset ûnderwiis ein njoggentiger jierren fan de foarige iuw. Dat projekt waard op gong brocht troch it provinsjebestjoer en der wie in dofke projektjild foar beskikber. Doel fan it projekt wie dat leararen en learlingen op de projektskoallen in positivere attitude foar it Frysk oer krije soene en dat der mear learlingen Frysk as eineksamenfak kieze soene. Rinse Valk en ik mochten as frijwilligers neigean oft it projekt ek wat opsmiet. Mei in nul- en einmjitting ha wy sjoen oft it projekt syn doelen helle hie. Dat wie mar foar in hiel lyts partsje it gefal. Op himsels hoecht dat net slim te wêzen, ast der mar wat fan learst. Graach hiene wy mei de gongmakkers fan it projekt op it provinsjehûs ús ûnderfiningen diele en besprekke wollen. Dat is der net fan kommen, want politisy wikselje om de safolle tiid fan stoel en binne altyd dwaande mei nije plannen en ha gjin tiid of nocht om har te ferdjipjen yn projekten dy’t foarby binne.

Yn it algemien is it sa dat der in hiele protte ûndersiken op ’e planke lizze dy’t geane oer hoe’t it der foarstiet mei it Frysk, hoe fitaal oft it Frysk is en troch wa’t en wêr’t der Frysk brûkt wurdt en foar in partsje wêrom’t Friezen dat hâlden en dragen oangeande taal ha. Ik tink dat men dêr ek begjinne moat, wol men net yn it wylde wei om jin hinne reagje mei oannommen stellingen. De Fryske Akademy hat yn it garjen fan dat ynsjoch in foarname rol spile. Mar dat is mar in earste stap. De ferfolchstap is dat men ferantwurde plannen makket as men fan betinken is dat der wat feroarje moat. Wa’t dat net docht en op goed gelok wat besiket, fersûpt yn syn eigen entûsjasme. Wol men it hâlden en dragen op it mêd fan taal feroarje, want dêr draait it yn dit gefal om, dan kin dat net mei hjir en dêr in losse flodder en yn ús mienskip ek net mei twang. Dat lêste hat in etysk aspekt. Ek al ha ik der argewaasje fan dat Frysktalige heiten en memmen Hollânsk tsjin de bern prate: ik kin it har net ferbiede en oplizze om tenei Frysk te praten. Mar tagelyk bin ik der wol fan oertsjûge dat men minsken troch petear bewust meitsje kin fan it healwize oan sok dwaan mei bern. Uteinlik sille wy de âlden de kar litte moatte.

As men fan betinken is dat hâlden en dragen te feroarjen is, dan komt de folgjende stap: hoe docht men dat. Dat is folle yngewikkelder as it mjitten fan it tal minsken dat seit dat se Frysk skriuwe kinne. By Mercator (fan de Fryske Akademy) sammelje se iverich feiten oer minderheidstalen rûnom yn Europa, mar oer suksesferhalen fan taalbefoardering is dêr net safolle te finen. En de farske heechlearaar Hans van de Velde sil him Utert spitigernôch ek yn haadsaak rjochtsje op de besteande “taalsituatie in Fryslân”, seit er by syn ynauguraasje. Net dat soks net wichtich is, mar der is bot ferlet fan ûndersyk nei wat wol en wat net wurket by taalbefoardering. Wat kin dien wurde om in taal libben te hâlden? Miskien bin ik te optimistysk, mar ik tink dat der genôch minsken yn en bûten Fryslân wenje dy’t it Frysk fitaal hâlde wolle en der ek wat foar oer ha. Dat optimisme ûntlien ik oan de literatuer oer dit ûnderwerp, mar benammen út de ûnderfining mei it Projekt Frysk yn it fuortset ûnderwiis. It grutte manko wie doe dat op de measte projektskoallen it projekt him ôfspile oan de rânen fan it skoallebarren. De measte belutsen skoallieders seagen it as in mooglikheid om wat ekstra jild fan de provinsje op te striken en lieten it fierder oan de dosint Frysk oer. Der wiene amper oare dosinten dy’t fan it projekt ôfwisten, lit stean dat se in bydrage leverje koene. En dat wylst de doelstelling fan it provinsjehûs wie dat de attitude fan leararen en learlingen foar it Frysk oer troch it projekt positiver wurde soe. As men net iens wit dat der op jins skoalle sa’n projekt is, hoe soe dat dan jins hâlding beynfloedzje kinne? Op ien skoalle wie oan de ein fan it projekt in signifikant ferskil yn dy attitude fan de leararen as totaliteit. By alle oare wie der gjin sprút feroare en wiene de útkomsten fan beide mjittingen gelyk.

Dat der wol in positive feroaring wie yn dy iene skoalle ha wy op it konto skreaun fan de direksje, dy’t de fuortgong fan it projekt mei it hiele dosinteteam bespruts. Yn dy skoalle koene se de eftergrûn en de doelstellingen. Yn oare fakken waard it Frysk ek mûnling en skriftlik brûkt en krigen Fryske skiednis en geakunde mear harren gerak. It kin dus wol, mar der binne betingsten! Frysk hâldt net op by de doar fan it lokaal Frysk, mar is it sâlt fan de hiele skoallemienskip. Dat wie ek de ûnderfining op De Him yn Snits, dêr’t Hollânsk en Frysk njonkeninoar brûkt waarden, fan dosintegearkomsten en de gewoane lessen oant skoallebrede gearkomsten yn de Aula (dy’t wy de Kûle neamden, omdat er wat ferdjippe lei). Net elkenien wie altyd entûsjast oer ús belied, mar se konformearren har der wol oan. Dat lêste waard op de twatalige legere skoallen yn de foarige iuw stadichoan minder en waard úteinlik harren ûndergong. In protte skoallen wiene net út taalidealisme twatalich wurden, mar om de fasiliteiten. Doe’t dy fuortfoelen hoegde it net mear. Koen Zondag hat dat helder beskreaun yn Lange oanrin, koarte sprong. Twatalich ûnderwiis yn Fryslân tusken 1800 en 1980.

Ut al dy sammele literatuer bin ik nammerste mear oertsjûge rekke dat de skoalle yn feite in ôfspegeling is fan de mienskip bûten de skoalle. Bern nimme de taalferhâldingen út dy mienskip mei binnen de muorren fan de skoalle. Dy bûtenskoalske taalsituaasje is beskiedend foar it sukses fan it ûnderwiis yn de net-dominante taal yn in mienskip. It brocht de (ek yn Fryslân bekende) sosjolinguïst Joshua Fishman yn 1991 ta de útspraak: Wa’t de rêding fan in taal dy’t yn de gefaresône sit, fan it ûnderwiis ferwachtet, komt bedragen út. Fishman wie de lûker fan de saneamde Language Revitalization Movement. De lêste tweintich/tritich is der op de hiele wrâld in stream fan ûndersiken en publikaasjes op it gebiet fan Reversing Language Shift (RLS, it weromdraaien fan it wikseljen fan taal) op gong kommen. Wa’t him dêryn ferdjippet kin mar ien konklúzje lûke: om in taal fitaal en libben te hâlden is de taalwil en in posityf hâlden en dragen foar dy taal oer yn de mienskip ûnmisber. Der is in yntrinsike taalmotivaasje foar nedich of simpeler sein: de befolking moat der mei hert en siel efter stean. Dan pas sil it slagje om in taal yn need in folweardich plak te jaan yn alle domeinen fan it maatskiplik ferkear. Dêrom bin ik it mei Nynke van der Zee op Omrop Fryslân o sa iens as se seit: “mar tagelyk stuts it my ek in bytsje: dat de takomst fan ús taal yn hannen lein wurdt fan ús dosinten.” Men kin net mei de hannen yn ’e bûse tasjen wat it ûnderwiis derfan makket en dan dêr alle blaam dellizze. Tagelyk bin ik derfan oertsjûge dat it net sûnder it ûnderwiis kin, mar dan wol ynbêde yn in mienskip dy’t derfoar giet.

Boppe is al sein dat wy in hiele protte saneamde hurde sifers ha, mar no moat der in plan makke wurde om de Fryske mienskip mei te krijen. Oant no ta binne der te faak losse en isolearre skoaten lost en dan ek noch meastal troch selsstannige ynstituten, dy’t allegearre wat út it rip ite wolle. Fryske Akademy, Afûk, Omrop Fryslân, hegeskoallen en universitêre ynstituten, se dogge treflik har bêst, mar de dwersferbannen ûntbrekke faak. Der is ferlet fan in totaalplan dêr’t alle maatskiplike domeinen yn meidogge. Dan lûke wy net yn it foarste plak oan dat iene triedsje ûnderwiis of noch smeller, it fak Frysk yn it ûnderwiis. Dat wie it manko fan it earder projekt yn it fuortset ûnderwiis: de learaar Frysk rêdt him der wol mei. It is in drege ûndernimming om in taalkultuer dy’t yn hûnderten jierren woeksen is om te kearen. Dat sil net yn ien of twa jier kinne, mar minsken binne wat mânsk, salang’t se it mar net fan ien isolearre domein ferwachtsje.

oktober 6, 2020 08:23
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Abe oktober 6, 13:35

    De logika ken needsaaklike en foldwaande betingsten. Foar it rêden fan in lytse taal en in lytse taalkultuer is goed taalûnderwiis in needsaaklike, gjin foldwaande betingst. Van der Bij mient dat ús dat feit noch in kear wiidweidich ferdútst wurde moat, bêst genôch. Dat hie oars ek wol yn ien of twa sinnen kinnen, sjoch hjirboppe. Goed, dat oan ‘e kant: wat binne dan de ‘konkrete ideeën’ wêrmei’t de Fryske beweging ‘de Fryske mienskip’ – better: de minsken yn Fryslân – meikrije sil yn syn krewearjen foar in janpoepsplusplak foar it Frysk yn Fryslân? Van der Bij bewarret syn suggestjes, miskien, hooplik, foar in folgjende kollum. Mar faaks dat de lêzers fan ItNijs ek meitinke wolle. It belang fan funksje-easken is withoe faak al neamd. Sichtberens fan de taal yn de iepenbiere romte ek. Statusfigueren dy’t de taal brûke. Alden oanfiterje om hoek te hâlden. Skriuwers en dichters oanmoedigje en mei prizen oerlade. Ferbrekken strafber meitsje. Losse flodders by de fleet – en dan? In Plan is noadich, dêr hat Van der Bij grut gelyk. Begjin ris mei it modernisearjen fan de Ried-mei-de-fierstente-lange-namme, haw ik okkerdeis yn in petearke mei it bestjoer en op dizze site nei foarren brocht. Meitsje fan in bestjoerlike koepelorganisaasje mei oare organisaasjes as leden in aktivistyske publyksorganisaasje mei echte minsken as leden. Fan sa’n soarte fan klup soe folle mear ‘beweging’ útgean kinne. Tink ik. Likegoed – watfoar ideeën hawwe de lêzers as har frege wurdt nei in Plan?

  2. wim oktober 6, 18:39

    Wat ik, mei myn resint ûnsteane ynteresse yn it frysk, in bytsje mis is een ‘course’ op de learapp/webside Duolingo. Sels lear ik dêr Dútsk en dat gjit lang net slecht.

    Jo ha per ûnderdiel 5 levels, en it doel is die goud te meitsjen. Per ûnderdiel kin jo earst de instruksje lêse om dêrnei (in part fan) in level te heljen of meardere levels. Nei ferrin fan tiid (dagen/wyken) komt der in skuor in it goud wat betsjut dat jo foar dat ûnderdiel in wertest dwaan matte.

    Hieltyd in level fjirder komme docht elk minske goed fansels, dus it hat ek wol wat ferslavends. Ideaal om efkes in de bus of mei 1 each foar de telefyzje te dwaan.

    Gewoanlik wurd soks makke troch frijwilligers mar miskien kin/mei in studint Frysk der ek in moaie oastudearopdracht fan meitsje. Fanút it Ingelsk kist Iersk en Skotsk leare, beiden lytsere talen as it Frysk dus it soe moai wease at der ek wat foar komt.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.