Lêste koroanafrije gemeente no ek fallen

oktober 18, 2020 20:19

Foto: GGD

Op Skiermûntseach is foar it earst it koroanafirus konstatearre. Ien ynwenner rint dermei om, sa docht bliken. De besmetting is troch ien fan de húsdokters fêststeld. De GGD is dwaande mei boarne-en-kontaktûndersyk. De gemeente Skiermûntseach wie oant no ta de lêste gemeente yn Nederlân dêr’t noch gjin koroana oantroffen wie.

“Helaas is een eilander positief getest. Wij wensen onze inwoner en de familie veel sterkte en een spoedig herstel. Ik hoop dat de gevolgen en verdere besmettingen heel beperkt zullen zijn,” seit boargemasterske Ineke van Gent. “Eens en te meer wil ik eilanders en gasten wijzen op het belang van het naleven van de landelijke maatregelen, die natuurlijk ook gelden op Schiermonnikoog. Dus houd afstand, vermijd drukte en blijf thuis bij klachten”.

Boarne: Omrop Fryslân

oktober 18, 2020 20:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.