Learstoel foar Nederdútske letterkunde oan universiteit Oldenburch

oktober 9, 2020 20:12

Doreen Brandt (foto: universiteit fan Rostock)

De Carl-von-Ossietzky-universiteit yn Oldenburch kriget in learstoel foar Nederdútske letterkunde. Op 14 oktober begjint ûndersykster Doreen Brandt yn dy funksje. Har taak wurdt it bestudearjen fan de Middel- en Nijnederdútske literatuer. Op it stuit wurket hja as ûndersykster fan Nederdútske literatuer oan de universiteit fan Rostock.

De universiteit yn Oldenburch hat ek al in perfester foar it Nederdútsk. Dat is Jörg Peters, dy’t ek it haad is fan de ôfdieling dêr’t frou Brandt wurkje sil. De stúdzje fan it Sealterfrysk is ek in taak fan dy ôfdieling. De twa perfesters wolle de kommende jierren in learare-oplieding foar it Nederdútsk opsette.

oktober 9, 2020 20:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.