Lading grús fan Bennu yn romtesonde feilichsteld
Resint ferskynd
- Foarsitter Domowina hat syn nocht fan ‘geveltsje-sorbysk’ en ropt op: “Praat de taal” 0
- Twa hûndertsjes smertejild foar plysjetamtaasje yn Drachten 0
- Amper omtinken foar Frysk yn partijprograms 0
- Mei Ljouwert neffens it Ramtferdrach wol in oerrinplak fan de Rânestêd wurde? 0
- Berneboeken Dr. Seuss út de hannel nommen: lêste eksimplaren binne rôversguod 2
De romtesonde fan NASA dy’t ferline wike op de planetoïde Bennu lâne, hat mear as 900 gram grús oppakt. In pear dagen nei de lâning die bliken dat er in part fan de lading ferlear, mar no is de restearjende lading feilichsteld yn in kapsule.
It romtereau Osiris-Rex sammele op 20 oktober safolle materiaal dat stiennen yn ’e râne fan ’e kontener sitten bleauwen. Dêrtroch bleau de klep iepenstean, en gie der kostber grús ferlern. Hoefolle grús oft it romtereau krekt by him hat, is noch net bekend. Dat wurdt pas dúdlik as de kapsule mei it materiaal yn 2023 yn ’e woestyn fan Utah lânet. Osiris-Rex is op it stuit 322 miljoen kilometer by de ierde wei. It sil op syn betiidst yn maart út de buert fan de planetoïde weigean. Dan binne de asteroïde en de ierde goed útline.
Bennu sit nei alle gedachten fol koalstof en oannommen wurdt dat de planetoïde de boustiennen fan it sinnestelsel befettet. Neffens wittenskippers wurdt mei it sammele grús mear dúdlik oer hoe’t ús sinnestelsel, en dêrmei ek de ierde, miljarden jierren lyn foarme binne.

Lâning fan Osiris-Rex op Bennu op 20 oktober 2020 (byld: Wikipedia/NASA – publyk domein)
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje