Koroanaferboaden: wat tenei allegear net mear mei
Resint ferskynd

Foto: GGD
Earne tsjin demonstrearje bliuwt tastien, mar wa’t soks yn De Haach dwaan wol, moat al op ien plak bliuwe. Proteststaasjes wurde ferbean. Dat hat de feilichheidsregio dêr’t de Hôfstêd ûnder falt, te witten dien.
It ferbod is diel fan in pakket nije ferplichtings en ferboaden dy’t derta liede moatte dat it koroanafirus minder faak trochdien wurdt. Yn ‘e Rânestêd liket it op ‘t heden tige slim. Sikehûzen yn dy kriten eangje dat se it skielk net mear bolwurkje kinne en hawwe allegear net-driuwende operaasjes al opskood.
De reden dat de staasjes ferbean wurde, is dat it dreech is om by sa’n marse op syn minst oardel meter distânsje fan jins buorlju te hâlden.
De NOS docht fierders te witten dat sporten yn ploegen ferbean wurdt, útsein as it giet om bern of profesjonele sporters. Fierders wurdt bûtendoar in ferbod ynsteld op it gearboskjen fan mear as fjouwer minsken. Yn teaters en oare ôfslettene rûmten meie op syn heechst tritich minsken byinoar wêze.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje