Koroana leveret projekt op mei Frysk ferhaal HaverSchmidt

oktober 13, 2020 10:15

Takom jier ferskynt in nij boek oer de njoggentjinde-iuwske dominy François HaverSchmidt, lanlik bekend ûnder syn dichtersnamme Piet Paaltjens. It is de opmjitte nei in kultuerprojekt yn 2022 mei dêryn ûnder mear in teäterspektakel, yn Foudgum by Dokkum. Inisjatyfnimmer Johannes Keekstra fertelt op de Ferhalejûn op freed 6 novimber, yn de tsjerke fan syn wenplak Tytsjerk, oer syn plannen en foaral oer wat him der yn koroanatiid ta beweegde.

Johannes Keekstra as dichter J.J. Slauerhoff (links) by ‘Under de Toer’, 2018 (foto: Siem Akkerman)

François HaverSchmidt (1835-1894) waard ferneamd as Piet Paaltjens, dy’t yn syn dichtbondel Snikken en grimlachjes (1867) knypeagjend dweept mei ûnbeändere leafde, lust en de dea. De leechdrompelige bondel is sa populêr dat dy oant hjoed-de-dei werprintingen kriget en net wei te tinken is út de Nederlânske letteren.

Dat in fertrietlik einigjende dominy efter dy komyske poëet beskûlgiet is bysûnder; dat HaverSchmidt yn it lytse Foudgum syn earste jierren as predikant sliet is op syn minst sa spesjaal. Foaral ek omdat er dêr, ûnder eigen namme, ea wiidweidich en kritysk oer skreau. De muoite wurdich om dat ris djipgeand foar it fuotleast te bringen; troch in boek dat syn Fryske woartels (want berne yn Ljouwert) mei de ynfloedrike Foudgumer perioade beljochtet, en in teäterstik dat derop folget.

Ferhalejûn
Op freed 6 novimber fertelt de projektlieder oer syn inisjatyf en benammen de ferslaavjende wrâld om de yllustere predikant hinne, dy’t by de tariedingen yn thúsisolaasje hieltyd fierder iepengiet. De presintaasje is ûnderdiel fan de Ferhalejûn, dy’t yn hiel Fryslân holden wurdt mei as tema It Firus. Tusken 19.00 en 21.00 oere is it ferhaal fan acht minuten yn werhelling te hearren yn ’e tsjerke fan Tytsjerk, op Buorren 42.

Mear ynformaasje fia verhalenavond.nl/verhalen/johannes-keekstra.

oktober 13, 2020 10:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.