Kollum kriget koroanatestlokaasje

oktober 21, 2020 11:12

GGD Fryslân sil fan takomme wike woansdei ek yn Kollum op koroana teste. Dat sil wêze yn it gebou fan it eardere Lauwerskolleezje oan de Johannes Bogermanstrjitte. It is de fjirde lokaasje njonken Ljouwert, Drachten en Drylts.

“De fraach nei testen nimt noch hieltyd ta”, neffens de direkteur fan GGD Fryslân, Margreet de Graaf. De GGD wol de lokaasjes ek goed spriede om sa de reistiid foar elkenien te beheinen. Op de trije tsjintwurdige lokaasje kinne deis sa’n 1700 personen test wurde. De wachttiid is op it stuit in etmiel. Yn Kollum wurdt begûn mei 360 tests op in dei en it is de bedoeling dat it útwreide wurdt nei 480 deis.

Teste yn Kollum kin allinne op ôfspraak fia coronatest.nl of 0800-1202; foar soarchferlieners en leararen 0800-8101).
De testútslaggen binne op ’t heden digitaal yn te sjen. Der hoecht net mear op in telefoantsje wachte te wurden.

oktober 21, 2020 11:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.