Kolleezje Noardeast-Fryslân ferkeapet gemeentehûs Kollum oan Fotocadeau
Resint ferskynd
It kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân wol it gemeentehûs yn Kollum oan Fotocadeau.nl ferkeapje. Der wiene trije belanghawwers foar.
Op grûn fan de seleksjekritearia wurdt it gebou oan it bedriuw Fotocadeau.nl út Kollum gund. De kritearia bestiene ûnder oare út it keapbedrach, de ynfolling fan it gebou en it tal personielsleden dat der wurk fine sil.
De gemeenteried kin no noch syn winsken en betingsten kenber meitsje en moat ynstimme mei de finanjele konsekwinsjes fan de ferkeap.
Mei’t besletten is om it gemeentlik apparaat skielk sintraal yn Dokkum te húsfestjen, wurde de gemeentehuzen yn Ferwert en Kollum oerstallich en kinne dy ferkocht wurde.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje