Katalaanske universiteiten net earlik oer fiertaal kolleezjes

oktober 20, 2020 12:32

Yn it echt wurdt it Katalaansk folle minder as fiertaal op ‘e Katalaanske universiteiten brûkt as dat dy sizze. Dat skriuwt de Katalaanske ynternetkrante Naciódigital op basis fan petearen mei studinten, in studintefakbûn en taalbewegingsorganisasje Plataforma per la Llengua.

Studintefakbûn FNEC seit dat it sa stadichoan te mâl giet. De organisaasje hat dit jier al tsientallen klachten krige fan studinten dy’t har ynskreaun hiene foar fakken of stúdzjes dy’t neffens de boeken yn it Katalaansk jûn wurde soene, wylst de dosint yn ‘e praktyk al fluch op it Spaansk oergie.

De universiteiten pronkje der krekt mei dat se hieltyd mear fakken oanbiede yn it Katalaansk. Faak kinne studinten formeel kieze: in fak wurdt dan bygelyks moarns yn it Katalaansk en middeis yn it Spaansk jûn.

Neffens in studinte wegeboukunde is dat in papieren werklikheid. Hja seit dat har earste kolleezje neffens de offisjele opjefte yn it Katalaansk begûn, mar yn it skoft frege in bûtenlânske studint oan de dosinte oft hja ek Spaansk prate woe. Dêrnei ferbruts de dosinte har en waard de rest fan it semester allinne mar Spaansk mear praat. Guon studinten klagen deroer en de universiteit krige fan it Katalaanske ministearje fan ûnderwiis sels in lik út ‘e panne, mar de fiertaal bleau Spaansk.

In rjochtestudint seit yn Naciódigital: “Ik ha myn stúdzje net yn myn memmetaal folgje kinnen, hoewol’t der yn ‘e stúdzjegids stiet dat 43 persint fan de fakken yn it Katalaansk jûn wurdt. De fakulteit skouderet de kwestje en dat is yn striid mei de wet.”

In oare rjochtestudinte seit dat har stúdzje neffens de stúdzjegids foar de helte yn it Spaansk en foar de helte yn it Katalaansk jûn wurdt, mar dat de praktyk oars is: “Yn de praktyk is alles yn it Spaansk: boeken, artikels, kolleezjes. Wy ha easke dat wy ús tentamens yn it Katalaansk ôflizze meie, mar sels dat wie omdôch.”

Naciódigital berjochtet dat in protte studinten ûntefreden binne oer it grutte oanpart Spaansk yn harren stúdzje, mar dat hja benaud binne om te kleien. “Jo wolle gjin spul hawwe mei in dosint fan wa’t jo letter noch sifers krije moatte”, seit in studint.

Neffens de ynternetkrante kin de oerheid universiteiten net twinge om kolleezjes yn it Katalaansk te jaan, mei’t de wet sawol’t it Spaansk as it Katalaansk as ûnderwiistaal op ‘e universiteit tastiet.

oktober 20, 2020 12:32
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - oktober 20, 15:25

    in ‘feech’ om ‘e earen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.