Katalaansk parlemint wegeret om nije presidint te kiezen
Resint ferskynd

Joaquim Torra i Pia.
Foto: Wikipedia / Josep Renalias (CC).
It parlemint fan Kataloanië hat gjin nije presidintskandidaten oanwiisd. De regearingspartijen dogge dat net út protest tsjin it ôfsetten fan de lêste trije demokratysk keazen presidinten: Artus Mas, Carles Puigdemont en Joaquim Torra. De opposysjepartijen, dy’t in minderheid foarmje yn it parlemint, hawwe ek net it ferlet en presintearje in kandidaat dy’t dochs gjin kâns makke op in mearderheid.
Dat betsjut dat Kataloanië oan ‘e ferkiezings fan febrewaris ta stjoerleas is. Dan wurdt in nij parlemint keazen. It is de fraach oft dat in soad feroarje sil. Nei de ûntbining fan it regear en it parlemint fan Kataloanië troch de Spaanske oerheid yn 2017, waarden ek ferkiezings hâlden en dy smieten hast deselde ferdieling fan sitten op as dat der foar de ferkiezings al wie.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje