Kapasiteit GGD Fryslân omheech

oktober 29, 2020 09:54

boarne pixabay.com

Sûnt juster kinne ynwenners fan Fryslân dy’t tinke dat se miskien mei it koroanafirus besmet binne en har gau dêrom teste litte wolle op fjouwer lokaasjes terjochte. It fjirde testsintrum is yn Kollum, Johannes Bogermanstrjitte 25. GGD Fryslân kin no deis twatûzen minsken betrouber en fergees teste. Dat is mear as de fraach fan de lêste twa wiken. Dy oerkapasiteit makket dat der gjin wachtlist mear is.

Warskôging
De lêste wiken nimt de fraach nei koroanatesten ôf, wylst it tal besmettingen noch heech is. It soe wêze kinne dat soks troch de opkomst fan kommersjele teststrjitten komt. Dêr kinne de minsken sûnder ôfspraak terjochte, mar net fergees. De testen dy’t dêr brûkt wurde binne net allegear goedkard en de útslach is net altyd betrouber.

It komt foar dat wurknimmers dy’t yn karantêne sitte troch de wurkjouwer nei in kommersjele teststrjitte stjoerd wurde om se sa gau mooglik wer oan it wurk te krijen. GGD Fryslân wiist der mei klam op dat dy wurkwize net doocht. By ien dy’t yn karantêne sit kin yn de foarskreaune perioade it firus samar taslaan. In negative test op de iene dei seit neat oer de útslach op in dei dêrnei.

GGD Fryslân achtet sa’n presje fan de baas der fier by troch en freget om de karantêne-advizen te respektearjen. As wurknimmers it firus meinimme nei it wurk kin dat dêr slimme gefolgen hawwe.

De besteande testlokaasjes yn Drachten, Ljouwert en Drylts bliuwe yntakt en meikoarten komt der ek noch ien yn of yn de omkriten fan It Hearrenfean. Wa’t fia 0800-1202 of coronatest.nl in ôfspraak makket, kin faak al op deselde dei terjochte.

oktober 29, 2020 09:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.