Jûnsklok yn it Belzelân
Resint ferskynd
It Belzelân fiert in jûnsklok yn: nei midsnacht mei net ien mear bûtendoar tahâlde. It ferbod jildt oan de moarns fiif oere ta. It doel is om foar te kommen dat ljuwe dy’t ta de nacht út prethâlde inoar de koroanasykte oansette. Fan ‘t sneinoer jildt it ferbod noch net: dat wurdt takom moandei fan krêft.
It is net de iennichste strange nije ynsetting yn it lân. Belzen meie tenei mar mear mei ien minskepersoan bûten de eigen húshâlding deistich omgong hawwe. Jûnpizelders moatte in mûldoekje foarbine en der meie yn in skoft fan fjirtjin dagen net mear as fjouwer kear frjemden oer de flier komme.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje