Jiersferslach Ried Fryske Beweging wurdt sûnder folsleine bestjoersgearskomste fêststeld

oktober 25, 2020 14:01

It jierferslach fan de Ried fan de Fryske Beweging wurdt ornaris yn in jiergearkomste mei fertsjintwurdigers fan oansletten organisaasjes (ek wol de Grutte Ried neamd) yn maaie fêststeld. Omreden fan de koroana koe dat dit jier net trochgean. Der wie noch efkes hope op in nije kâns yn oktober, mar troch de oanboazjende twadde koroanaweach slagge dat likemin. Om it jier 2019 dochs goed óf te sluten, hat it deistich bestjoer in alternative rûte betocht.

Foarriedige ferzjes fan it jierferslach en de jierrekken binne op de hiemside www.fryskebeweging.frl set. Dy stikken binne te finen ûnder it kopke ‘Oer ús’ en dan ûnderoan by ANBI. It is nammers in moaie gelegenheid om de krekt fernijde hiemside te besjen. De webside is yngeand ferienfâldige. Nijs oer de Fryske Beweging wurdt no oernommen fan itnijs.frl. De Ried wol berjochtjouwing oer eigen aktiviteiten en dy fan oansletten organisaasjes tenei konsintrearje op dat nijskanaal, dat ek in leechdrompelich poadium foar diskusje biedt.

Fragen of reaksjes op jierferslach en -rekken kinne foar 2 novimber stjoerd wurde nei ynfo@fryskebeweging.frl. Yn de bestjoersgearkomste fan 2 novimber stelt it deistich bestjoer de ferslaggen fêst. Letter sil soks bekrêftige wurde yn de earstkommende Grutte Ried.

oktober 25, 2020 14:01
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. J. Luimstra oktober 28, 11:49

    Hawwe wy as bestjoer doarpsbelang skearnegoutum-loaiingea krekt sa dien. Digitaal mei jierstikken dy`t yn sjoen wurde kinne en finansiele mooglikheid de stikken yn te sjen by de ponghalder. Wy beslúte letter oan de hân fan reaksjes oft wy út gean kinne mei ynstemming troch de leden.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.