JFM jout advys oan programmakommisjes politike partijen

oktober 5, 2020 08:49

De Jongfryske Mienskip hat in spesjale struier foar de programmakommisjes fan de lanlike politike partijen makke. Mei dy twatalige struier wol de JFM omtinken freegje foar Fryske saken dy’t op lanlik nivo besletten wurde.

De struier beskriuwt in seistal punten op it mêd fan de Fryske taal en de leefberens op it plattelân. Foarsitter Chris van Hes: “Wy wolle pro-aktyf wêze en net hieltyd achter de feiten oanrinne. Mei dizze struier hoopje wy dat de politike partijen ús punten opnimme yn harren ferkiezingsprogramma’s foar de Twadde Keamerferkiezings fan 17 maart 2021.”

De Jongfryske Mienskip soe graach sjen wolle dat de ferkiezingsprogramma’s fan de politike partijen yn it Frysk binne en dat ek de primêre ynformaasje fan de Ryksoerheid yn it Frysk is. Foar de Jongfryske Mienskip is dat in logyske ferfolchstap nei it ferskinen fan de Frysktalige donorfolder.

Taheakke: struier Jongfryske Mienskip.

oktober 5, 2020 08:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.