Japanske Readskonk oanpakt

oktober 15, 2020 09:51

Yn de berm fan de Grinzerstrjitwei (N355), op ’e hichte fan de Griene Stjer, woekeret de Japanske Readskonk. Juster is yn op dracht fan de provinsje dy fluch groeiende plant oanpakt. It bedriuw Weed Free Service B.V. past yn sokke gefallen in relatyf nije en miljeufreonlike technyk ta. In kraan graaft de grûn ôf. Dêrnei souwet in mobile ynstallaasje de stikjes woartel út de besmette grûn.

foto Provinsje Fryslân

De Japanske Readskonkis in dreech te bestriden plant, dy’t faak werom komt en kabels en fundearringen stikkenmakket. De soutechnyk hellet hast alle woartels út de grûn. Mochten der dochs noch plantsjes opkomme, dan is behanneling mei hjit wetter of stroom noch mooglik. De frijkommen woartels geane yn de ferbrâningsûne.

As de metoade oanslacht, dan past de provinsje dy ek op oare lokaasjes ta.

oktober 15, 2020 09:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.