Jan Willem Zwart: Hjerst

oktober 17, 2020 20:00

Kollum

boarne: pixabay. com

It waar jout no wier oan dat it hjerst is. Rein en stoarmen, it jier rint nei de ein. En dochs fielt it as hawwe wy dit jier noch gjin maitiid en ek noch gjin simmer hân. It fielt as hawwe wy ûnder in stjelp libbe. It is faak dreech om jin foar te stellen hokker hichtepunten in jier hie. Fakânsje, partijen, gearkomsten en eveneminten. It wie ôfrûne jier stil en wy foelen fan it iene annulearre barren yn it oare annulearre feest. Covid-19 oftewol koroana hat ús wer yn ’e macht nommen en hieltyd komme der mear regionale maatregels. Gelokkich witte wy yn Fryslân noch hoe’t we it firus op ôfstân hâlde moatte, mei dissiplinêre maatregels, mar foaral troch ús eigen dissipline.

Mar wy kinne ek net ûntkomme oan ’e maatregels dy’t no troch it kabinet fêststeld binne. It wurdt noch krekt net in lockdown neamd, mar fansels is it dat wol de kommende tiid. De ynfloed dy’t de maatregels hawwe op ‘e mienskip is enoarm. Mar wy hawwe der dizze maitiid ek wat fan leard, doe’t wy ûnder ús eigen stjelp sieten. Wy hawwe leard dat we it kinne, wy hawwe leard dat we op in eigen wize trochgean en kwetsbere minsken yn ‘e mienskip omtinken jaan moatte. Dat hiel gewoane dingen faak hiel spesjaal binne. In telefoantsje, in appke, of in praatsje mei kunde foar it rút. It liket soms lyts, mar it wurdt as hiel spesjaal ûnderfûn.

Wy wisten allegearre dat it net goed bliuwe soe, der wiene fierstente folle minsken dy’t wol op fakânsje giene en wol feest fierden. Der wiene fierstente folle gelegenheden om inoar te moetsjen, omdat elkenien tocht dat it wol wer koe. As hie koroana nea bestien. Dat it wol wer koe om sûnder digitale media lykas Zoom, Teams of Skype gearkomsten te hâlden. Dat it wol wer koe om nei kantoar te gean. De parsekonferinsje fan Rutte sloech dan wol yn as de wjerljocht, mar eigentlik wisten we it allegearre sels wol dat dit der oan siet te kommen. En no?

Lit ús de kommende wiken gewoan ús ferantwurdlikheid nimme. Miskien net foar ússels, mar foar al dy minsken dy’t sa kwetsber binne en it firus oprinne kinne, mar ek foar al dy minsken dy’t der krekt wer wat boppe-op binne en hiel graach fierder wolle. Mar lit ús ek omtinken hawwe foar al dy ûndernimmers dy’t ynienen gjin wurk mear hawwe, gjin sinten mear hawwe. Litte ús it foarinoar dwaan!

 

 

 

oktober 17, 2020 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Ferdi oktober 18, 22:57

    Noch mear einleas geëamel

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.