It risiko fan tefolle twaddetaalpraters

oktober 8, 2020 15:44

Twatalige ferkearsbuorden (Frânsk en Bretonsk) yn Bretanje.

Talen dy’t as memmetaal súntsjes efterútbuorkje, kinne bytiden wer opfleurje troch entûsjaste minsken dy’t dy taal op skoalle of op kursus leare. Gjin niget dat gâns taalbewegings, lykas de Welske, de Katalaanske en de Fryske, der in soad by opsette om sokke talen ta skoalfak te meitsjen en om minsken oan te fiterjen en lear se.

Soks kin fertuten dwaan, mar it is net sûnder risiko. Dat sei taalûndersiker Steve Hewitt ein septimber op in kongres oer ûnderwiis yn ferhûddûke talen yn Londen. Hewitt hat syn ûnderfinings út Bretanje helle, dêr’t likernôch in tsiende fan ‘e Bretonskpraters de taal net fan hûs út meikrige hat.

Neffens Hewitt hawwe de twaddetaalpraters, al binne se ek in minderheid, in soad yn ‘e brij te brokkeljen. Hja binne in stik fûler as de memmetaalpraters. Op himsels is dat net slim, mar hja hawwe it Bretonsk net altyd goed yn ‘e macht en lizze de mearderheid fan memmetaalpraters gauris leech, om’t dy it Bretonsk neffens harren net geef genôch praat.

Wilens binne hja neffens Hewitt blyn foar harren eigen lekken en brekken. Hja hawwe gauris in Frânsk aksint as hja Bretonsk prate, wolle tige geve wurden brûke, mar wol altyd sa dat harren Bretonsk wurd-foar-wurdoersettings fan it Frânsk is. In protte ynboargere Frânske wurden yn it Bretonsk brûke hja net en hja kenne allegear Bretonsk idioom ek net. Gauris slagge hja ek bûten mei distansjearring: dan brûke se tige útwrydske konstruksjes, om it Bretonsk mar sa min mooglik op it Frânsk lykje te litten. Hja sykje gjin oansluting by de mearderheid fan ‘e memmetaalpraters, mar benifelje harren eigen keunsttaal, seit Hewitt.

De memmetaalpraters begripe it Bretonsk fan ‘e learders net altiten goed. Hja brûke boppedat gauris in âldfrinzige stavering, dy’t makket dat harren Bretonsk noch minder maklik te begripen is. De measte memmetaalpraters kinne it Bretonsk likegoed net maklik lêze. Oarsom begripe de twaddetaallearders de memmetaalpraters net altyd goed, om’t dy ferskillende dialekten prate, gauris mei in protte taaleigen dat net yn ‘e boeken stiet.

Hewitt pleitet foar in stavering dy’t foar memmetaalpraters maklik te learen is, sadat hja ek makliker skriuwe kinne. Oars wurdt de skriuwtaal it domein fan minsken dy’t de taal net goed oanleard hawwe en der in keunsttaal fan meitsje. Hy wol boppedat dat yn learboeken it echte Bretonsk oanleard wurdt, sa’t dat troch de memmetaalpraters yn it deistich libben praat wurdt. En hy pleitet derfoar om it Bretonsk as memmetaal net langer as “min Bretonsk” oan te tsjutten, mar it just as foarbyld te stellen.

It Bretonsk wurdt praat yn Bretagne, yn it uterste westen fan Frankryk. It is in Keltyske taal, dy’t nau besibbe is oan it Kornysk en it Welsk. Der binne goed twahûnderttûzen sprekkers, dy’t hast nearne yn Bretagne mear de mearderheid útmeitsje. Krapoan njoggentich persint fan harren praat it Bretonsk fan hûs út. De memmetaalpraters binne oer it generaal in stik âlder as de tsien persint dy’t de taal letter leard hat.

De tekst fan Hewitt syn lêzing is hjirre te finen: link.

oktober 8, 2020 15:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.