It pealtsje fan Easterlittens

oktober 3, 2020 08:34

Folksferhaal

foto: Matthijs Ferkuijl

Yn it sintrum fan Easterlittens foar it kafee oer stiet in ôfbylding fan dit folksferhaal en fierderop by de râne fan it doarpsplein stiet in ôfbylding fan it pealtsje en dat makket ús fansels nijsgjirrich.

Foarhinne libbe dêr in skuonmakker mei syn frou en wat bern. De man wurke hurd en syn wiif wie tige sunich, mar dochs hiene se it krap. De measte minsken rûnen nammentlik op klompen en net op skuon.

It wie wol in ferstannige man, dy’t him net rap fan ’e wize bringe liet. Mar hy hie in oantal kearen dreamd dat syn gelok en harren takomst te finen wêze soene yn de grutte stêd, yn Amsterdam, en wol op de Papebrêge yn it sintrum. De frou wie nochteren en hie sein:
“Jonge, dreamen binne bedroch. Ik wol der gjin praat mear fan hearre. Der is in soad te dwaan, dat do moatst mar ris oan it wurk.”
Mar om’t er yn de nachten dêrop folgjend in oantal kearen itselde dreamd hie, gie er dochs op in dei nei Amsterdam ta. It hold him o sa yn ’e besnijing. Hy moast en soe derhinne.

No leit dat net sa njonken de doar, dat hy moast him goed tariede op de reis derhinne en it ferbliuw dêr. Uteinlik nei twa dagen kaam er dêr oan en fûn er in goedkeap loazjemint yn it sintrum.

De Papebrêge sels wie net sa bysûnder, in lyts brechje. De earste en twadde dei barde der net safolle. It gelok kaam net op him ta. Miskien hat de frou dochs gelyk! Hy soe al mei de siel ûnder de earm werom nei hûs ta, doe’t ynienen in bidler him oanspruts.
“Ik haw jo al in oantal dagen hjir op de brêge sjoen, mar wat dogge jo hjir eins?”
En de skuonmaker fertelde syn ferhaal. De bidler moast sa alderheistlik laitsje:
“Dat is nuver”, sei de man. “Ik haw de ôfrûne wiken soks ek dreamd, mar dan soe ik nei in plak yn Fryslân ta moatte, in plak dat Easterlittens neamd wurdt. Want dêr yn de tún fan in skuonmakker leit in grutte skat bedobbe, en wol ûnder in pealtsje. In nuvere dream, dat fansels grutte ûnsin is. Ik soe nammers net iens witte wêr’t Easterlittens leit. Jo frou hat gelyk, dat dreamen bedroch binne.”

foto: Matthijs Verkuijl

De skuonmakker sei net safolle en gie rap nei hûs ta. Dêr oankommen begûn er daliks yn de tún te graven en nei in hoartsje fûn er in pot, in soarte fan in tsjettel, mei sulverjild.

Se moasten beide eins no wol om de situaasje laitsje en de skuonmakker fertelde ûnderwilens it hiele ferhaal oan syn frou. Der kearde wer wat rêst yn de hûshâlding en fierder wist gjinien derfan. Se woene der gjin drokte fan meitsje.

Op in jûn kaam de dominy op húsbesite en seach de pot mei in Latynske tekst oan de sydkant: Sub har olla alie olla est. Hy pûlemûle: ûnder my leit noch ien?
De skuonmakker en de frou begriepen daliks de betsjutting fan de tekst, mar holden har stil. Doe’t dominy fuort wie, rûnen se fuortendaliks de tún yn en fûnen de twadde pot, dit kear fol mei gouden munten. Fan dat stuit ôf hiene se fansels gjin earmoede mear. De reis wie úteinlik net omdôch!

 

PS: De Papebrêge (Papenbrug) bestiet net mear. Op dat plak stiet no it Beursgebou ticht by de Bijenkorf.

Matthijs Verkuijl

oktober 3, 2020 08:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.