It dilemma foar nijkommers yn Kataloanië: earst Spaansk leare of dochs earst Katalaansk?

oktober 15, 2020 21:49

Wikipedia-Mutxamel/Rastrojo

Bûtenlanners mei bern dy’t har yn Kataloanië nei wenjen sette, kinne better earst Katalaansk leare en letter Spaansk. Skoallen kommunisearje nammentlik hast ientalich yn it Katalaansk mei learlingen en âlden. De lessen wurde ek jûn yn it Katalaansk. Dat skriuwt de Ingelsktalige Spaanske krante The Local.

De Ierske Eimear O’Neill wennet yn Barcelona. Hja seit: “Ast bern hast, is myn advys om Katalaansk te learen, sadatst dyn bern mei húswurk helpe kinst. In soad bern hawwe nammentlik mear muoite mei it Katalaansk as mei it Spaansk. Fierders is alle kommunikaasje fan de skoalle yn it Katalaansk, fan de administraasje likegoed as fan de leararen.”

It oardiel fan frou O’Neill jout oan hoe’t it taalbelied fan Kataloanië derfoar soarge hat dat de eigen taal safolle mearwearde kriget dat bûtenlanners it gefoel hawwe dat se him leare moatte. Dat jildt net allinnich foar kontakt mei skoallen, mar ek foar it kultueroanbod. The Local skriuwt: “In protte kulturele eveneminten en toanielfoarstellings yn Barcelona binne folslein Katalaansktalich. Foar kulturele ferriking moatst Katalaansk leare.”

De Fenezolaanske Karina Cova seit: “Mei Spaansk komst wol troch de tiid, mar om echt diel te wurden fan de Katalaanske kultuer en de Katalaanske mienskip moatst Katalaansk leare.”

The Local skriuwt dat in protte net-Katalanen deroer kleie dat hja amper freonskippen mei Katalanen hawwe en dat de Katalanen sokke sletten minsken binne. Neffens de krante is dat net wier: “Ast war dochst om de taal te learen, komst derefter dat it krekt tige maklik is om freonen te wurden mei Katalanen.”

Neffens The Local moatte nijkommelingen harren der net op fersjen hoe’n wichtige rol oft it Katalaansk yn it deistich libben spilet. Offisjele formulieren binne gauris ientalich Katalaansk en op gearkomsten fan organisaasjes, ek yn ‘e haadstêd Barcelona, is de fiertaal gauris it Katalaansk en wurdt it net bot wurdearre as minsken freegje oft it ek yn it Spaansk kin.

It ideaal is neffens de krante lykwols dat de ymport beide talen leart. Om yn Barcelona te wurkjen yn in baan dêr’tst mei it publyk yn kontakt komst, moatst neffens The Local twatalich wêze. In protte Katalanen binne tige bewuste taalbrûkers. De krante skriuwt: “In protte minsken yn Barcelona ferbrekke harren net en binne der net wiis mei ast harren fregest om Spaansk te praten.”

Sergio Montilla, hikke en tein yn Barcelona, seit: “Troch it kultueroanbod fan muzyk, toaniel, festivals en troch de skiednis krije minsken in bân mei de stêd. Ast beide talen learst dy’t hjir praat wurde, dan ûntwikkelest in leafde foar it fermidden dêr’tst yn tahâldst en dan begjinst dy in echte Barcelonees te fielen.”

oktober 15, 2020 21:49
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.