It Deiboek fan Janny van der Molen bekroand mei in White Raven

oktober 9, 2020 10:01

It troch de Afûk útjûne boek fan Janny van der Molen is ien fan de White Ravens op de jierlikse list fan de Internationale Jugendbibliothek München. De White Ravens binne oanbefellingen foar bysûndere boeken út de wrâld fan de ynternasjonale berne- en jeugdliteratuer. Yn totaal hawwe njoggen Nederlânsktalige boeken en ien Frysktalich boek in White Raven krige. It Deiboek is dêrmei it iennige Fryske boek op de list.

Ofbylding: Afûk

Skriuwster Janny van der Molen is tige wiis mei it nijs: “It Deiboek is skreaun yn it kader fan it Domela-jier 2019. Domela is in Fryske held, in Nederlânske held mar wie eartiids absolút ek in grutte namme ûnder sosjalisten yn Europa. Haadpersoan Geertsje Kleefstra wie ek Frysk, Nederlânsk en in wrâldboarger. Dizze ynternasjonale erkenning is faaks dêrom in hiel passend earbetoan oan dy twa fjochters dêr’t wy hjoed-de-dei noch in soad oan te tankjen hawwe.”

It Deiboek is in twatalich ferhaal oer in Frysk famke fan doe en in ‘Hollânske’ jonge fan no: wat hawwe dy mei-inoar te krijen? Wat is der oan ‘e hân mei in skilderij en hokker rol spilet it deiboek fan Jehannes de Groot? In (foar in part wier bard) ferhaal oer striid, moed én echt freonskip.

Mei de oanbefelling fan It Deiboek is it noch net klear foar Fryslân en benammen foar De Knipe, ek it boek Het beest met de kracht van tien paarden fan ús Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra stiet op ‘e list. Neidat it boek earder al nominearre waard foar de Boekenleeuw en de Kinder- en Jeugdjury Vlaanderen, is it no ek ien fan de White Ravens. Alle White Ravens binne opnommen yn in katalogus, dy is hjir online te finen.

oktober 9, 2020 10:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.