In bysûndere Woldwaner

oktober 18, 2020 07:00

Oertinking

Lykas as by de kristenen binne by de joaden en de moslims ek in soad faninoar te ûnderskieden leauwensgroepearringen, dy’t elk – fan ekstreem behâldend oant tige frijsinnich en alle farianten fan leauwen dêrtuskenyn – har fyzje op Jezus fan Nazaret ynkleurje. Mear as in myte ynspirearret dy Woldwaner minsken noch hieltyd. Der binne in soad ferskillende kleurrike folgelingen fan dy bysûndere man. In feit is dat wy Jezus sûnder wierheidskleems en ta-eigeningen hast net mear sjen kinne, mar dat we de barmhertichheid dêr’t hy foar dizze goede ierde ta opropt breanedich hawwe.

Neffens de Tenach (it boek fan de joaden, dat kristenen it Alde Testamint neame) sil de Messias net godlik wêze en hat de minskheid de plicht om him oan de Tora – dat binne de earste fiif boeken fan de Tenach – te hâlden. Joaden leauwe yn ien God, dy’t gjin lichaamlike foarmen oannimt. Foar de joaden moat de Messias, as Woldwaner om in frederyk op ierde te stiftsjen, noch komme. Foar syn measte folgelingen is hy al ferskynd yn de persoan fan Jezus fan Nazaret.

De folgelingen fan Mohammed leauwe dat de Woldwaner as in grut profeet libbe hat, mar dat er net godlik wie. Oan Jezus wurdt yn de Koran bysûndere oandacht bestege. Isa (Jezus) hie as minske in taak fan God krige om te ferkundigjen dat der gjin oare God is as Allah. Moslims geane derfan út dat op in letter tiidstip Mohammed, as de wichtichste en grutste profeet, deselde opdracht krige hat. It is foar dy leauwigen benammen fan belang om de geboaden fan God en de rjochtlinen fan de profeet Mohammed, skreaun yn it hillige boek de Koran, te ûnderhâlden.

De oprop fan dizze bysûndere Woldwaner út it fiere ferline – om te stribjen nei frede, gerjochtichheid, solidariteit en mienskipssin – is noch hieltyd aktueel en hat sizzenskrêft om te kommen ta in duorsume wrâld, dêr’t elkenien him yn kend en sjoen wit. *

Wytze Brandsma
emearitus agooch en teolooch

*Tekst oer Jezus út in taljochting op it gedicht ‘De Woldwaner’, yn Brâning, Narratio, 2019, 2e printinge.

 

 

 

 

oktober 18, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.