Hurdfarre op Burgumer Mar foareast út byld

oktober 13, 2020 10:41

In proef mei hurdfarren op de Burgumer Mar is foarearst fan ’e baan. De rjochtbank Noord-Nederland is fan betinken dat de provinsje it beslút foar de pilot ûnfoldwaande motivearre hat. Op twa punten ûntbrekt it neffens de rjochtbank oan in goede motivearring. De provinsje hat earder belied makke dêr’t foar de Burgumer Mar rêst en romte as kearnwearden yn beneamd binne. Dêrfan ôfwike kin, mits goed motivearre wurdt wêrom’t dat nedich is. Op it punt fan nautyske feilichheid is it beslút (in oanwizingsbeslút) ek ûnfoldwaande motivearre. Yn de sône dêr’t hurdfarren tydlik yn tastien wurdt, binne ek oare rekreanten. De provinsje hie dêrom neffens de rjochtbank in boppegrins oan it tal flugge boaten yn dat gebiet stelle moatten.

De rjochtbank hat it oanwizingsbeslút ferline wike ferneatige. Deputearre Avine Fokkens-Kelder reagearret teloarsteld. “Wij waren van mening dat we goed hadden onderbouwd waarom deze pilot met snelvaren kon plaatsvinden. Maar de rechtbank ziet het anders.’’

De provinsje beriedt him no op een mooglik ferfolch. Fokkens-Kelder wiist derop dat it ferneatige oanwizingsbeslút allinnich foar de jierren 2019 en 2020 jildich wie. As de provinsje hurdfarren op de Burgumer Mar yn de takomst mooglik meitsje wolle soe, is dêr hoe dan ek in nij beslút foar nedich.

oktober 13, 2020 10:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.