Hjerstfakânsje yn Natuermuseum Fryslân

oktober 4, 2020 09:45 Fernijd

De hjerstfakânsje yn it Natuermuseum Fryslân stiet yn it teken fan de útstalling GIF, each yn each mei libjende fergiftige bisten. In útstalling dy’t men echt sjoen hawwe moat, want spesjaal dêrfoar is in hiele rige fergiftige bisten út Spanje nei Ljouwert kommen. Mei de bisten kaam ek fersoarger Jérôme mei, dy’t alle dagen de wetterbakken ferskjinnet, de sûnens fan de slangen, kikkerts en spinnen yn ’e gaten hâldt en soarget dat se te iten krije. In spannend karweike, want it giet om de fergiftigste bisten fan ’e wrâld!

Foto: Marcel van Kammen

Besikers steane by FERGIF each yn each mei ûnder mear it gilameunster, de blauwe pylkfergifkikkert en de keningskobra. De bisten sitte yn terraria mei dûbelde wanden en it is dan ek hielendal feilich om de eksposysje te besjen. Njonken de libbene bisten binne der ferskillende ynteraktive beuzichheden: spultsjes om sels te learen mei fergif yn de natuer om te gean. Sa kinne bern ‘itensiede’ mei poddestuollen: hawwe se dan in deadlik miel makke of kinne se der rêstich in hapke fan ite?

Nei it sjen fan de swarte widdowen, de pofnjirren, de reuzewantsen en de skorpioen hawwe in soad bern noch net har nocht. It binne libbene bisten, dy’t op elk stuit wer wat oars dogge. In slang dy’t earst fredich leit te sliepen, kin flak dêrnei in ûntdekkingstocht troch syn terrarium meitsje. It gilameunster leit faak te loaikjen, mar mei in bytsje gelok is te sjen dat oer er in rots kladderet of in aai opslobberet.

Coole Kidsnacht
It begjint allegear mei de Coole Kidsnacht op freed 9 oktober. Dan bliuwe musea yn Fryslân nei slutingstiid spesjaal foar bern iepen oant 21.00 oere. Alden, paken, beppen en begelieders meie mei. Der wurde alderhande learsume, spannende en coole aktiviteiten organisearre. It Natuermuseum is ek fan de partij en nûget elkenien út om it museum en de spannende fergifekspo yn de jûnsoeren te besjen. Der is foar alle bern in spannende speurtocht, de UnderWetterSafari bliuwt ekstra iepen en de hoareka betsjinnet syn spesjale fergifgriene drankjes mei miny-donuts.

Foto: Marcel van Kammen

Koroanafeilich
Besikers kinne mei in gerêst hert it Natuermuseum yn. De útstalling FERGIF, de fêste presintaasjes en de attraksje De UnderWetterSafari binne hielendal koroanaproof ynrjochte. Der binne skermen op alle kontaktplakken (lykas de baly, winkel en horeka) sadat besikers feilich kommunisearje kinne mei de meiwurkers. Yn it hiele museum jildt ienrjochtingsferkear. Op ferskate plakken binne desynfeksjemiddels foarhannen en de suppoosten meitsje meardere skjinmakrondes op in dei. Om feilich spultsjes dwaan te kinnen is der in ‘ynteraktive’ pinne beskikber of desynfeksjemiddel. Wichtich foar elkenien, besikers en meiwurkers, is om 1,5 meter ôfstân te hâlden.

Praktysk
De hjerstfakânsje fan it museum duorret fan 10 oktober o/m 25 oktober. Dan is it museum alle dagen iepen fan 10.00 oant 17.00 oere, dus moandeis ek. De yntreepriis is krekt as oars. Fanwegen de koroana kin mar in beheind tal besikers yn it museum talitten wurde. Reservearjen is ferplichte. Online kaartsjes mei tiidslot binne te krijen fia www.natuurmuseumfryslan.nl. FERGIF is noch te sjen o/m 3 jannewaris 2021.

oktober 4, 2020 09:45 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.