Hetze tsjin fermoarde skiednislearaar

oktober 17, 2020 19:52

De skiednislearaar dy’t juster yn ‘e Frânske stêd Conflans-Sainte-Honorine ûnthalze is, hiet fan Samuel Paty. Hy wie 47 jier âld. Der wie in hetze geande tsjin de man, sûnt er yn in les it belang fan ‘e frijheid fan mieningsutering yllustrearre troch de spotprinten fan Mohammed út de Deenske krante Jyllands Posten sjen te litten. Dy hawwe in wichtige symboalyske funksje, mei’t de redaksje fan ‘e krante foar it publisearjen derfan mei de dea bedrige is en ien fan ‘e tekenders, Kurt Westergaard, yn syn hûs oanfallen is troch in man mei in mes.

Moslimâlden wiene lykwols net op ‘t skik mei de les en hiene in klacht tsjin Paty yntsjinne by de direksje fan de skoalle en by de plysje. Ien heit hie in fideo op it ynternet set dêr’t de learaar yn misledige waard en dêr’t yn sein waard dat er nea mear lesjaan meie soe. De skoalle hat fierders ferskate kearen bedrigings ûntfongen.

Ien fan ‘e learlingen hat de dieder oanwiisd wa’t Paty wie. Dy hat de man dêrnei ûnthalze en in foto fan de ôfsniene holle op Twitter set. Twitter hat de foto wilens ferwidere. De dieder twittere ek in berjocht oan presidint Macron, dy’t er “lieder fan ‘e ûnleauwigen” neamde. Hy skreau dat er “ien fan Macron syn hûnen, dy’t it bestien hie en misledigje Mohammed” de deastraf jûn hie.

De dieder is in Tsjetsjeen, dy’t polityk asyl krige hat yn Frankryk. De plysje hat him juster deasketten. Ferskate oare minsken binne oppakt, wêrûnder de heit dy’t de fideo online set hie en famyljeleden fan ‘e dieder. Ien fan ‘e oppakte lju hat lid west fan terreurbeweging IS.

oktober 17, 2020 19:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.