Henk Wolf: Is Facebook in stêd yn Hollân?

oktober 19, 2020 16:12

Kollum

Op Facebook sjoch ik alle wiken allegear talen foarbykommen: Frysk, Nederlânsk, Dútsk, Grinslânsk, Frânsk, Ingelsk, Katalaansk, Finsk, Deensk, Biltsk, Ljouwertersk en gean noch mar efkes troch.

Oer dy taalkar wurdt yn fierwei de measte gefallen neat sein. Der is ien opfallende útsûndering: op it stuit dat twa minsken inoar wat yn it Frysk skriuwe, komme der gauris reaksjes. Men kin der hast op wachtsje dat ien mei iepentlike of ferburgen agressy freget oft er soms net ferstean mei. Dat wurdt dan altyd yn it Nederlânsk frege, as soenen alle minsken op Facebook dy taal wol lêze kinne.

De reaksje kin ek wêze dat ien der “helemaal niks van begrijpt”, ek wer yn it Nederlânsk. Botte wierskynlik is dat net, sjoen de lytse talige ôfstân tusken Frysk en Nederlânsk, it bestean fan Google Translate en de beskikberens fan allegear online-wurdboeken Frysk-Nederlânsk. Net elk wurd begripe, toe mar, mar “helemaal niks”?

Facebook is gjin stik grûn mei in eigen taal, it is meartalich en oer it generaal kinne minsken der wol mei út ‘e fuotten dat der ris wat delkomt yn in taal dy’t se net of net maklik lêze kinne, mar oan de reaksjes op Frysktalige teksten sjogge jo dat minsken tinke yn taalhiërargyen: wat yn dy hiërargy ûnder har eigen taal stiet, is raar of fiis of nuver, in ôfwiking fan de goede seden en dêr moat dan wat fan sein wurde. It binne allinne net de seden fan in wrâldomfiemjend, meartalich netwurk, mar dy fan in stêd yn Hollân, dêr’t “keurig Hooghaarlemmerdijks” de noarm is.

oktober 19, 2020 16:12
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sigrid oktober 22, 09:18

    Leuk stikje, Henk Wolf!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.