Gruffalo yn it Grinslânsk en Drintsk
Resint ferskynd
It berneboek De Gruffalo fan Julia Donaldson is der no ek yn it Grinslânsk en Drintsk. De Grinslanner oersetting is makke troch Marlene Bakker en Hindry Schoonhoven. Daniël Lohues hie de Drintske ferzje op ‘e noed.
De lêste tiid wurdt it boek yn allegear streektalen oerset, lykas it Amsterdamsk, Brabânsk, Twintsk, Utertsk, Siuwsk, Haachsk, Limburchsk, Gentsk en West-Flaamsk.
De Fryske oersetting fan it oarspronklik Ingelsktalige boek oer in freonlik mûnster is der al folle langer: dy is yn 2012 troch de Afûk útjûn. Hy is fan ‘e hân fan Hermien van der Meer.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje