Grousters wolle dat Swarte Pyt feint fan Sint Piter bliuwt

oktober 8, 2020 16:56

Sint Piter en Swarte Pyt yn de Sintpitertsjerke yn Grou. (Foto: Sintpiterkomitee Grou)

De Grousters wolle hielendal net dat Swarte Pyt dien kriget as feint fan Sint Piter. It Sint Piterkomitee yn it Halbertsmadoarp makke dizze wike buorkundich dat de kadootsjehillige dit jier in nije feint meinimt. Neffens in enkête dy’t Grouster Jeroen Korthuis organisearre hat, is dat tsjin it sin fan ‘e measte ynwenners.

400 Grousters hawwe neffens Korthuis meidien oan ‘e enkête en fan harren wie tachtich persint derop tsjin dat Swarte Pyt ynruile wurdt foar in oar. It draachflakûndersyk fan it Sint Piterkomitee hat Korthuis op in pypfol. Neffens him soe it Sint Piterkomitee sels ek in folksrieplachting op poaten sette moatte. Dy soe dan wol sjen litte dat de grutte mearderheid fan ‘e minsken wol dat it Sint Piterfeest bliuwt sa’t it is.

oktober 8, 2020 16:56
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Redbad oktober 14, 21:59

    Gelokkich moatte de measte Grousters neat hawwe fan it hjoeddeiske gedram fan inkele omkoalen. Ofbliuwe fan ús tradysjes en wa’t dêr net oer kin moat mar ferfarre nei de rânestêd, dêr is alles dochs al nei gichem holpen.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.