Grize Polderpyt

oktober 21, 2020 12:31

Skôging troch Cor Jousma

Al polderjend komme Ljouwert en tal fan middelgrutte stêden ta in grize feint foar Sinteklaas.

Salang’t de fûle diskusje oer de feint yn it sinteklazemearke fierd wurdt, komme der ek al kleuren foarby. Hast alle kleuren fan de reinbôge hat ús pyt al hân. Mar de feint yn dat mearke wie wier net klownesk bedoeld. Krekt as soksoarte figueren yn de oare Europeeske mearkes hat er syn oarsprong yn de Europeeske mytology.

Foar guon Nederlanners fan net-Europeesk komôf ropt in swarte pyt in konneksje op mei de slavernij yn ús ferline. En mei sa’n reinbôge klown komme wy der ek al net út. Hoe dan wol fierder?

Neffens my slagge de stêden mei de kar foar in grize pyt dan ek de spiker op ’e kop. Troch de feint griis te meitsjen is alle konneksje mei in kleur fan ’e hûd fuort. Grize minsken besteane allinne mar oerdrachtlik. Grize slaven hawwe der dus ek nea west.

Past dy grize pyt dan noch wol by ús Europeeske mytology? Fansels wol, as jo mei jiske of houtskoal immen roetfegen jouwe, hielendal swart of kreas griis meitsje, dan is de kamûflaazje as fanâlds…

Dus net mear roppe en raze; ’t is no wolris klear! Jou it feest wer oan ’e bern.

Cor Jousma wennet yn Feanwâlden.
oktober 21, 2020 12:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. LB oktober 21, 13:31

    Goed idee! Meitsje se jiskegriis.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.