Grinzer ûndersikers ûntdekke dat reade wyn koroanafirus deadet
Resint ferskynd

Foto: GGD
Yn reade wyn sit in stofke dat it koroanafirus ûnskealik makket. Dat hat in groep ûndersikers fan it Grinzer universiteitssikehûs UMCG sjen litten. It giet om resveratrol, in saneamde antyoksidant. Yn it ferline is ek oantoand dat it stofke beskate kankersellen deadet.
Undersiker Peter van der Voort fan it sikehûs liet fan ‘t maitiid al op ‘e telefyzje sjen dat resveratrol derfoar soarget dat it koroanafirus him folle minder fluch fermannichfâldiget. Syn kollega’s Jolanda Smit en Martijn Nawijn hawwe dêrnei ûndersocht oft dat ek jildt foar it koroanafirussen yn dierlike sellen en yn minsklike longsellen yn kweekbakjes. Dat blykt it gefal te wêzen.
Dat makket it noch net wis dat itselde yn it minsklik lichem ek bart, warskôget frou Smit. Hja seit: “We hebben natuurlijk geen idee wat er gebeurt als je dit bij echte mensen test. We weten ten eerste niet of we wel de juiste dosis kunnen bereiken in een patiënt. Ten tweede weten we niet of deze voedingssupplementen in de patiënt ook antiviraal werken. Daar is klinisch onderzoek voor nodig op menselijke proefpersonen.”
Resveratrol komt net allinne foar yn reade wyn, mar ek yn nútsjesmoar en sûkelarje. It is ek as supplemint te krijen by guon drogisterijen.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje