Grinzer transplantaasjesjirurgen knappe organen op

oktober 28, 2020 08:55

Dat men as donor registrearre stiet, wol net sizze dat men ea ek donor wurdt, want mar ien op de twahûndert ferstoarnen is no gaadlik as orgaandonor. It grutste part fan alle beskikbere organen wurdt ôfkard foar transplantaasje. Nederlânske wittenskippers rinne foarop yn it opknappen fan ôfkarde organen, om se dochs noch in kâns te jaan.

Foto: NTR

Nettsjinsteande de nije donorwet stean der noch 1271 pasjinten op ’e wachtlist foar in donororgaan. Ofrûne jier ferstoaren der 118 minsken om’t se net op ’e tiid in donororgaan krigen. Mar in lyts part fan alle beskikbere donororganen wurdt transplantearre, want as der twivels binne oer de kwaliteit fan in donororgaan, kriget it gjin twadde libben yn in oar lichem. Om’t der sa’n grut tekoart oan donororganen is, is it skande dat de twivelgefallen net brûkt wurde.

Yn it Universitêr Medysk Sintrum Grins (UMCG) wolle transplantaasjesjirurgen de ôfkarde levers dochs in kâns jaan. Hja lizze levers fan twiveleftige kwaliteit yn in spesjale masine dy’t it minsklik lichem neidocht, om te testen oft de levers dogge wat se dwaan moatte. Presintator Dirk de Bekker folget dat proses en sjocht hoe’t mei man en macht fochten wurdt om in ôfkarde donorlever dochs transplantearje te kinnen.

Underwilens folget presintator Elisabeth van Nimwegen yn Eindhoven hoe’t ûndersikers in bargehert út it slachthûs yn it lab wer libben roppe wolle. It ûndersyk moat der yn ’e takomst ta liede dat in hert fan in pasjint bûten it lichem behannele (of reparearre) wurde kin om it dêrnei werom te pleatsen yn itselde lichem.

De Kennis van Nu – it wittenskipsprogramma fan de NTR, fan 4 novimber ôf wer werom op telefyzje.

Oflevering: ‘Opgeknapte organen’
Utstjoering: woansdei 4 novimber, 22.20 oere, NPO 2.

Dirk de Bekker, Elisabeth van Nimwegen en Lieven Scheire (foto: Roy Beusker)

De Kennis van Nu wurdt presintearre troch Dirk de Bekker, Elisabeth van Nimwegen en Lieven Scheire.

oktober 28, 2020 08:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.