Goed 1,2 miljoen euro foar ynnovaasje MKB

oktober 2, 2020 07:00

Undernimmers en organisaasjes kinne in bydrage oanfreegje foar it ûntwikkeljen, leverjen of ynvestearjen yn in ynnovatyf projekt. Nei de regelingen foar opliedingen, staazjes en de maatskiplike regelingen, geane fan 8 oktober ôf trije subsydzjeregelingen iepen, dy’t op ynnovaasje en it stimulearjen fan de brede wolfeart yn Fryslân rjochte binne. Dêr wol de provinsje Fryslân mei stimulearje dat organisaasjes yn krisistiid ek oan harren takomst wurkje kinne.

Deputearre Sander de Rouwe: “Dit pakket oan regelingen is bedoeld om perspektyf te bieden foar nei de krisis, hoe soargje wy dat wy sa goed mooglik út de krisis komme? Under oare troch yn te setten op ynnovaasje, ûndersyk en ûntwikkeling.”

Yn it ramt fan trije regelingen – Ynnovaasjematriks Fryslân, Nije ekonomy challenge Fryslân en Mei it each op de takomst ynvestearje – binne de subsydzjes fan 9 oktober ôf oan te freegjen fia https://www.fryslan.frl/subsidies/.

oktober 2, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.