Geert Mak oer Europa en Fryslân

oktober 25, 2020 18:16
Geert Mak: hjoed wer op ’e televyzje; moarn – yn it Frysk – yn ’e boekhannel.
Jûn set de VPRO útein mei nije ôfleveringen fan de rige ‘In Europa, de geschiedenis op heterdaad betrapt’. Yn it earste diel giet it oer Kirkenes. Dat is in lyts Noarsk stedsje, heech boppe de Poalsirkel. Dêr seagen se de Russen altyd as goede buorlju. Oant koartlyn, as bewenner Frode Berg yn Moskou oppakt wurdt foar spionaazje. Oer it weromkommen fan de Kâlde Oarloch en de modus operandi fan feilichheidstsjinsten anno 2020. Frode’s freonen binne der stil fan. De Russyske asylsiker Vladimir tinkt dat de pensionado deryn luze is, krektlyk as himsels ea oerkommen is. De affêre lit sjen dat it klassike hânwurk wer yn ‘e moade is by de ynljochtingetsjinsten. Mar wat seit Frode sels?

Geert Mak (foto: Vincent Mentzel)

Geert Mak makket wer in slach troch Europa. Dat wie foar de redaksje fan tydskrift De Nije oanlieding foar in fraachpetear mei de ferneamde skriuwer oer Europa en Fryslân: “Hast Europa nedich om te oerlibjen.”

De Nije is yn de boekhannels fan Bruna en Primera en yn de supermerken fan Poiesz foar € 4,95 te krijen. In jierabonnemint kostet € 17,50. It opjefteformulier foar in abonnemint is hjirre te finen.

oktober 25, 2020 18:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.