Fryslân wol ek kânsen wetterstof fersulverje
Resint ferskynd
Noard-Nederlânske bedriuwen en oerheden ynvestearje mei-inoar 9 miljard euro om wetterstof as duorsume enerzjyboarne op grutte skaal yn te setten. Juster presintearren se harren ynvestearringsplan Wetterstof Noard-Nederlân, dat soargje moat foar in liedende posysje yn Europa. De provinsje Fryslân stipet it plan, mar sjocht foar himsels benammen kânsen yn it op eigen wize tapassen derfan.
As ien fan de partijen yn it ynvestearringsplan wol Fryslân de kânsen foar wetterstof yn eigen provinsje fersulverje. Dy kânsen lizze yn Fryslân lykwols oars as by de buorprovinsjes. Ut ûndersyk docht bliken dat benammen lytsskalige tapassingen fan wetterstof hjir it geskiktst binne. Dat past by de Fryske oanpak yn de enerzjytransysje: lokaal en foar en troch de Friezen sels. Yn oerienstimming mei it Noard-Nederlânske ynvestearringsplan komt Fryslân mei in plan om de wetterstofprojekten yn kaart te bringen en te realisearjen. Dat moat begjin takomme jier klear wêze.
Yn de oergong nei skjinne enerzjy binne der yn Fryslân gruttere kânsen foar waarmtewinning út wetter (akwatermy) en biogas. In foarbyld dêrfan is Heech, dêr’t plannen om alle wenningen fan it doarp mei waarmte út de Hegemer Mar te ferwaarmjen, fierhinne klear binne. Dêrom wol de provinsje dêr yn de kommende jierren op ynsette. Dat past better by it lânskip, de kultuer en it agraryske karakter. Uteinlik moatte alle foarmen fan skjinne enerzjy liede ta it ôfskied nimmen fan stienkoal, ierdgas en oalje.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje