Fryslân positive ferrassing foar fakânsjegongers yn eigen lân
Resint ferskynd
Seis op de tsien Nederlanners dy’t harren fakânsje dit jier fanwege de koroanakrisis yn Fryslân trochbrochten, yn stee fan yn it bûtenlân, hat dat better foldien as foarôf tocht. In grut part fan harren lit no yn him omgean om faker yn eigen lân op fakânsje te gean. Dat docht bliken út ûndersyk fan Bungalowparkoverzicht.nl, dat goed tûzen Nederlanners nei harren fakânsjeûnderfiningen yn tiden fan koroana frege.
Fakânsje yn eigen lân: sa is dat ûnderfûn
Mei troch de koroanakrisis holden in protte ekstra Nederlanners yn de simmer- en hjerstfakânsje yn eigen lân ta. Dat foldie 50,1 persint fan de Nederlanners better as foarôf tocht. In fakânsje yn Fryslân foldie dit jier it meast boppe ferwachting. 62 persint fan de Nederlanners dy’t hjir yn ’e koroanakrisis harren fakânsje trochbrochten, hat dat positiver ûnderfûn as fan tefoaren tocht. Dat persintaazje is ek heech yn Grinslân (58,8 persint).
Yn Fryslân foldocht foaral de rêst
Der is ek ûndersyk dien nei ferskate aspekten fan de fakânsje. Nederlânske toeristen dy’t dit jier harren fakânsje yn Fryslân trochbrocht ha, binne foaral te sprekken oer de rêst dy’t se yn en om harren fakânsjeferbliuw oantroffen. Toeristen binne ek tige te sprekken oer de natuer en it komfort dat se yn harren fakânsje yn Fryslân ûnderfûn hawwe.
Ynlânske fakânsje: Nederlanners hawwe smaak te pakken
De útbraak fan it koroanafirus wie foar 65,9 persint fan de Nederlanners de driuwfear om in fakânsje yn Nederlân te boeken. De oare 34,1 persint fan de fakânsjegongers wie al fan doel om fan ’t jier yn Nederlân te bliuwen.
De ynlânske fakânsje foldie oer it algemien goed: goed sân op ’e tsien Nederlanners oerwaget om takomme jier wer in fakânsje yn eigen lân te boeken.
Mear ynformaasje oer it ûndersyk is hjir te lêzen.
Ja jer. Komme se jir ek noch een bietsje de corona ferspreide. Wat bin dit foar lusters.