Fryslân DOK ‘Trochsette – Alvestêdetocht sûnder grinzen’

oktober 8, 2020 08:54 Fernijd

Yn septimber 2020 wurdt foar it earst de Unbeheinde Alvestêdetocht, foar minsken mei in beheining, organisearre. Fryslân DOK folget twa dielnimmers én Sandy Krijnen, de betinker fan dizze tocht. Minsken dy’t it dreech hawwe, mar dochs altyd trochsette. Wat driuwt harren?

Sandy Krijnen yn petear mei in dielnimmer (foto: Kroese Media)

Sandy Krijnen út Koarnwert hat MS. Yn 2012 sit se yn har rolstoel oan ’e kant as har man Roel meidocht oan de Fytsalvestêdetocht. De triennen rûgelje har oer de wangen. Sy wol ek meidwaan, en dy gedachte lit har net los. Sandy betinkt de ‘Onbeperkte Elfstedentocht’, spesjaal foar minsken mei in beheining. Mei de tocht komt dy groep yn syn krêft te stean. Minsken dy’t meidogge, kinne jild ynsammelje foar in selskeazen goed doel.

Yn de Fryslân DOK ‘Trochsette’ meitsje dokumintêremakkers Dieuwke Kroese en André Minkema in portret fan Sandy en noch twa dielnimmers. Elly Leijstra út Brantgum hat in grutte tumor yn ‘e holle. Hamke Meijer fan It Hearrenfean hat yn 2002 in swier ûngelok mei de brommer hân. Beide wolle graach meidwaan, en ek al kostet it harren allegear mear muoite troch de beheiningen, se fiele har noch lang net ‘ôfskreaun’. Sandy, Elly en Hamke binne trochsetters. Minsken dy’t folop yn it libben steane en sels in bydrage leverje wolle oan it ûndersyk nei de sykte of beheining dy’t sy hawwe.

Fryslân DOK: ‘Trochsette – Alvestêdetocht sûnder grinzen’
Sneon 10 oktober, 15.30 oere, NPO2 (Nederlânsk ûndertitele, werhelling 11 oktober 13.10 oere)
Snein 11 oktober, 17.00 oere, Omrop Fryslân (werhelling alle oeren)

oktober 8, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.